Tal nije besmettingen yn Fryslân rint fierder werom

18 maaie 2021 - 15:18

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 128 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Moandei melde it RIVM krekt wat minder besmettingen. Doe wie der in steuring.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 145 besmettingen fêststeld. Dat is it leechste trochsneed sûnt 11 desimber. Presys in wike lyn lei it trochsneed noch op 159.

De measte nije besmettingen binne tiisdei meld yn de gemeente Ljouwert (35), folge troch Súdwest-Fryslân (24) en Weststellingwerf en De Fryske Marren mei elk 16.

Ien opname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien persoan mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 5.396 nije coronagefallen registrearre. De ôfrûne sân dagen waarden der yn trochsneed 5.020 nije coronagefallen de dei meld.

Yn de ôfrûne wike is it tal coronabesmettingen lanlik mei in kwart minder wurden. De ôfrûne wike waarden 35.142 besmettingen fêststeld.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)