Belvédère komt mei tema-útstalling mei wurken Jan Mankes

18 maaie 2021 - 15:09

Museum Belvédère yn Oranjewâld bringt de kommende moannen in tematentoanstelling mei wurk fan de ferneamde Fryske skilder Jan Mankes (1889-1920).

'Kraai op berkenboom' fan Jan Mankes - Foto: Museum Belvédère

De útstalling mei de namme 'Jan Mankes, de dieren en de ziel der dingen' hie eins ferline jier wêze sild. Doe wie it hûndert jier lyn dat Mankes ferstoar. Fanwege de coronamaatregels koe it doe net trochgean. Mei de ferrommingen foar de doar komt it museum no wol mei de útstalling.

Sintraal steane de bisten yn it oeuvre fan Jan Mankes. Dat wie ien fan syn favorite ûnderwerpen.

Net allinnich wurk út Fryske jierren

Mankes wenne seis jier lang tichtby it museum. Yn de kolleksje fan Belvédère sit in soad wurk fan Mankes 'Fryske jierren', mar yn de ekposysje sitte wurken fan oare musea en partikulieren.

De tentoanstelling is fan juny oant en mei septimber.

Direkteur-konservator Han Steenbruggen

(Advertinsje)
(Advertinsje)