'Maai Mei Niet': Fryske boskwachters litte de meanmasine stean

Fryske boskwachters fan Steatsboskbehear dogge mei oan de 'Maai Mei niet'-aksje, yn it ramt fan de dei fan it bioferskaat. Sy binne opholden mei it meanen fan it gers om de beheargebouwen yn de provinsje hinne om minsken sjen te litten wat in lytse yngreep al betsjutte kin foar de natuer.
© Staatsbosbeheer
Doel fan de aksje is om sjen te litten dat je al troch in pear kante meter tún net te meanen, in soad betsjutte kinne foar de natuer. Gewoane planten as de klaver, koweblom en hynsteblom kinne al wichtich wêze foar ynsekten.
De boskwachters roppe minsken dan ek op om mei te dwaan yn de oanrin nei de dei fan it bioferskaat op 22 maaie.