Mooglik opnij fiif Fryske skiep oanfallen troch wolf

18 maaie 2021 - 13:46

Yn Jobbegea, Oranjewâld, Oerterp en De Fochtel binne de ôfrûne wike fiif skiep oanfallen. Dat hat Bij12 bekend makke, de organisaasje dy't him dwaande hâldt mei ûndersyk nei wolveskea. Oft it echt om wolven giet, is noch niet hielendal dúdlik om't der noch DNA-ûndersyk dien wurdt.

Argyffoto fan in wolf - Foto: Shutterstock.com (Vaclav Sebek)

Op 12 maaie waarden twa skiep oanfallen by Jobbegea en ien skiep yn Oranjewâld. Op 13 en 16 maaie folgen twa skiep yn Oerterp en De Fochtel.

Koartlyn by Ketlik

Begjin maaie waard der by Ketlik in filmke makke dêr't nei alle gedachten in wolf op stiet. Begjin jannewaris wie der ek in wolf te sjen op in wyldkamera fan It Fryske Gea yn De Alde Feanen.

Stichting Wolf Nederland hat nei de ûntdekking fan de wolf by Ketlik ferskate berjochten fan jagers krigen dat der op de wolf jage wurdt. Boeren soene dêr om freegje en guon wolle der wol 5.000 euro foar op it kleed lizze.

Jacht ferbean

De wolf is lykwols in beskerme bist. Der mei net op jage wurde en dêrom hat Stichting Wolf Nederland ek noed oer de sinjalen oer jacht.

Wolven litte harren al langer sjen yn ús provinsje. Nei't yn april 2018 in tal skiep deabiten waarden by Boyl, kaam nei DNA-ûndersyk foar it earst fêst te stean dat de wolf yn ús provinsje aktyf wie.

Wolvestek

Yn maart hawwe alve organisaasjes ûnder de flagge fan Stichting Wolvenhek Fryslân in petysje oanbean oan de kommissaris fan de Kening. Sy wolle graach in wolvestek om it Fryske greidegebiet hinne.

Saakkundigen fan organisaasjes as Stichting Wolf-Fencing Nederland en Bij12 sjogge lykwols neat yn it plan. In wolvestek is ekologysk, juridysk, finansjeel en praktysk ûnhelber, sa lizze sy út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)