Utjouwer Ljouwerter Krante hâldt regionale nijs- en wykblêden

18 maaie 2021 - 13:03

De regionale nijs- en wykblêden bliuwe yn hannen fan útjouwer NDC. Dat meldt de Ljouwerter Krante. De takomst fan de blêden wie net wis.

Foto: ANP

It giet yn totaal om 33 blêden, yn hiel Noard-Nederlân. Yn Fryslân binne it 13 titels.

Nei de oername fan de NDC Mediagroep troch it Belgyske Mediahuis is ûndersocht oft de blêden wol takomst hiene by de nijsorganisaasje. "We hebben zowel intern als extern nooit naar buiten gebracht dat we de lokale bladen wilden verkopen", beklammet direkteur Evert van Dijk fan NDC Mediagroep.

De NDC Mediagroep is de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Earder waard dúdlik dat it bedriuw 100 fan de 580 banen skrast. De helte fan dy ûntslaggen falt by de advertinsjeferkeapers.

By de reorganisaasje waard ek kritysk sjoen nei de hûs-oan-hûsblêden. De ynkomsten út advertinsjes giene al jierren omleech, en yn it earste jier fan corona wie de delgong noch folle slimmer.

Kin net út

Mar de ferkeap fan de blêden soe net allinne foardielen opsmite, seit Van Dijk. "Dan zouden we de komende jaren meer omzet verliezen dan kosten besparen." Dan komt it derop del dat de ferkeap just ûngeunstich wêze soe.

Der wiene neffens de krante ek gjin geskikte partijen dy't mei in oantreklik bod kamen, al wie der belangstelling genôch. "Maar wij hadden wel wat randvoorwaarden gesteld, zoals behoud van lokale journalistiek, behoud van werkgelegenheid en behoud van drukopdrachten. En onze wens was om de weekbladen als geheel te verkopen, en niet los als titel."

Mooglik noch sleutelje

De útjouwer besjocht noch oft der 'gesleuteld moet worden' oan de titels, of oan it gebiet dêr't se ferspraat wurde.

Van Dijk is der bliid mei dat de blêden bliuwe. "Veel medewerkers hebben lang in onzekerheid verkeerd. Het is goed dat we hen nu duidelijkheid bieden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)