Oantal coronapasjinten op Fryske ic's giet hurd omleech

Yn fjouwer dagen tiid binne de ic-opnamen fan coronapasjinten mei in tredde ôfnaam yn de Fryske sikehuzen. Op 14 maaie leine der noch 25 minsken op de intensive care, dat binne der op dit stuit 17.
It is noch wol ôfwachtsjen hoe't it komt mei de ferrommingen, sizze se by Tsjongerskâns:
Wol is it tal coronapasjinten op de ferpleechôfdieling tanaam. Fjouwer dagen lyn leine dêr noch 31, tiisdei lizze dêr 43.
Yn de grafyk hjirûnder is te sjen dat nettsjinsteande de ferrommingen dy't 28 april ynset binne, de ic-opnamen stadichoan ôfnimme.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean hat op dit stuit trije minsken mei corona op de ic lizzen. "Gisteren waren dat nog vier", fertelt parsefoarljochter Daan van den Broek.

Personiel falt út

Mar dat betsjut net dat it persoaniel it rêstiger krijt. "Er is op dit moment meer uitval onder het personeel. De crisis duurt nu te lang voor de meesten en we hebben een paar die zelf corona hebben gehad en nog niet hersteld zijn." Van den Broek seit ek dat der by romte op de ic mear reguliere operaasjes ynpland wurde kinne.
Woansdei sette nije ferrommingen útein. Van den Broek kin sizze dat de eardere ferrommingen foar it sikehûs gjin negatyf effekt hân hawwe. "Maar het blijft spannend, elke keer."
© Omrop Fryslân