Zorgbelang Fryslân docht ûndersyk nei de gefolgen fan corona op de soarch

18 maaie 2021 - 12:44

Zorgbelang Fryslân is op dit stuit dwaande mei in ûndersyk nei ûnderfiningen mei de coronapandemy fan âlderein en minsken mei in kwetsbere sûnens. "Voor goed beleid heb je ervaringen van patiënten nodig," fertelt direkteur Esther de Vrij.

Foto: Shutterstock.com (Yuganov Konstantin)

"We zetten in op kwalitatief onderzoek, gaat echt om de verhalen en ervaringen van mensen. Dat kunnen zowel positieve als negatieve ervaringen zijn," fertelt de direkteur.

Wat foar ynfloed hawwe de coronamaatregels op it deistich libben, fiele minsken har iensum, meitsje sy har soargen oer oft se noch wol de soarch krije dy't se nedich hawwe? Datsoarte dingen wol Zorgbelang Fryslân witte.

Oanpassingen yn de soarch

Mei de resultaten moatte der konkrete foarstellen komme foar soarchbelied. Zorgbelang Fryslân operearret as in skeakel tusken gemeenten, soarchynstellingen, pasjinteferieningen en minsken dy't soarch krije. "Een onderzoeksteam analyseert de uitkomsten, dat moet weer tot beleidsvoorstellen en aanpassingen in de zorg leiden," fertelt De Vrij.

Underfiningen

Der hat al in pilot west. "Daar is al van alles uitgekomen. Mensen zijn veel thuis, communicatie met zorgverleners verloopt niet altijd goed, de informatie vanuit de overheid is niet altijd consequent. En de invoering van looproutes betekent dat mensen met een beperking bijvoorbeeld een stuk moeten omlopen, wat niet altijd mogelijk is. Maar er komen ook positieve ervaringen: sommige mensen zijn een groentetuin begonnen, huisartsen overleggen goed met mensen over een opname."

It projekt hat de namme 'Patiënten spreken zich uit' krigen. Der is in ûndersyksteam dat tsientallen minsken ynterviewe sil, mar minsken kinne harren ferhaal ek kwyt op de webside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)