Fraksjes Waadhoeke wolle kapbelied om byldbepalende beammen te sparjen

De fraksjes fan SAM, ChristenUnie en Gemeentebelangen yn Waadhoeke wolle dat de gemeente rap mei in regeling komt om byldbepalende beammen te behâlden. Yn Bitgummole is opskuor om't der twa âlde beammen kapt wurde. In goed belied foar beammen en lânskipseleminten is der noch net.
© Shutterstock.com (Alas_spb)
De fraksjes lizze út dat der mei de weryndieling yn de Algemene Plaatselijke Verordening (APV) net in kapfergunning opnaam is. Mei oare wurden: dêr is noch gjin belied foar fêststeld. Gewoanwei soe it ûnderdiel wêze fan de omjouwingsfergunning, mar om't de útfiering dêrfan fertrage is wolle de partijen wol de beskerming fan weardefolle beammen garandearje.

List mei beammen opstelle

Dêrom hawwe de fraksjes in moasje yntsjinne om in kapfergunningsstelsel yn te fieren foar byldbepalende beammen en oare lânskipseleminten. De partijen wolle ek dat hjir in ynventarisaasje nei dien wurdt, yn 'e mande mei ynwenners.

Kostber besit

Neffens de fraksjes binne histoaryske en karakteristike beammen yn Waadhoeke in kostber besit. In kapbelied soe in oplossing wêze oant in ynventarisaasjelist fêststeld is yn de omjouwingswet.
Ferslachjouwer Willem de Vries yn Bitgummole