In jier oerspand thús: hoe giet it no mei Femke de Walle?

18 maaie 2021 - 11:23

In goed jier lyn kaam Femke de Walle op it punt dat sy net mear fierder koe: de radio-presintator fan Omrop Fryslân kaam oerspand thús te sitten. De batterij wie leech en de fertroude stim fan De Middei Fan Fryslân is sûnt 12 maart 2020 net mear yn it programma te hearren. Femke wie wer efkes te gast: hoe giet it no mei har?

Femke de Walle fertelt har ferhaal:

Hoe fielst dy op it stuit?

"It is no hiel goed. Ik moat fan fier wei komme, dat haw ik ek net sûnder help dien. Ik haw djip sitten, mar op dit stuit fiel ik my sterk."

Wat hast no krekt hân?

"Myn haptonoom sei dat ik oerspand wie. It gie net allinne om it wurk of thús, echt om alle aspekten yn it wêzen: myn inerlike systeem wie oerbelêste. Ik koe neat mear hawwe. Der hoegde mar wat lyts te barren of ik begûn te razen of te gûlen."

Wat barde der dan?

"Ik sakke letterlik yninoar. Ik haw wol hân dat ik mei myn berntsjes yn de earste lockdown op strjitte wie, eltsenien wie panysk fanwegen de oardel meter. Ik hie krekt in puppy en in pjut dy't net lústere. In pear âldere minsken seine: ja, wy wolle der eins wol efkes del. Doe sakke ik letterlik troch de hoeven hinne foar hûs. Dêrnei koe ik yn de keuken allinne mar gûle, sa'n twa oeren lang."

Bist te lang trochgien mei wurkjen?

"Doe't ik besleat om op te hâlden mei it wurk, tocht ik noch dat ik efkes foar in pear moannen rêst nimme soe. Net wittende dat de hiele wrâld stil kaam te stean, want it wie krekt in pear dagen foar de lockdown. Yn novimber fielde ik al: dit giet op de kop ferkeard. Spitigernôch krige ik gelyk, mar ek wat mysels oanbelanget.

Doe't ik yninoar klapte, besefte ik: dit is mear as allinne in burn-out. It is moai dat je altyd foar in oar klearstean wolle, mar de kearside is dat je altyd troch je eigen grinzen hinne gean. De les hat echt west: dysels beskermje, mear kin ik op dit momint net jaan. Dat fyn ik hiel dreech."

Bist dysels bot tsjinkaam?

"Enoarm. Ik tocht earst dat ik it noch wol allinne koe. Ik haw wol mear meimakke wat psychyske begelieding oanbelanget, depresjes sitte ek wol in bytsje yn myn famylje. Dus ik wit wat it is en wat it docht. Mar ik koe der dus net mei omgean.

Dus ik haw alle wiken nei in haptonoom ta west en stadichoan learde ik om mysels dochs op ien te setten. Dêrtroch bin ik no better yn steat om te kiezen wat goed foar my is, yn stee fan foar in oar. De konsekwinsje is wol dat ik noch hieltyd net oan it wurk bin."

Wat soest minsken meijaan wolle?

"Fiel ris goed by dysels yn it liif, dy wit faak wol wat der oan de hân is. Faak fiele je wol oan it ûnderliif of it hert dat it net doocht. In lyts stimke seit: harkje nei my, want oars komt it ferkeard. Dus harkje nei dyn liif.

It libben is net altyd maklik en it is okee om ris te falen en te sizzen: it wol efkes net. Je kinne wol altyd oan de bûtenwrâld sjen litte wolle: it giet allegearre perfekt. Mar somtiden is dat net sa en it is okee om dat ta te jaan."

Komst werom mei in programma by Omrop Fryslân?

"Nee. Oan de iene kant sjit ik mysels dêrmei gigantysk yn 'e foet, want ik mis it fak hiel bot. It radio-dj wêzen is echt myn ding, ik wol graach wat dwaan. Ik haw wol wer in earste presintaasjeput dien, earder ek noch wol wat dingen by Omrop Fryslân. Mar nei 14 jier haw ik echt sizze moatten: oant hjir, it is foar no foarby. Op nei wat oars."

Hasto sels lêst fan depressive gefoelens of burn-outklachten? Dan kinsto by dyn húsdokter terjochte, mar bygelyks ek anonym by Korrelatie, dy't helpe kin by psychyske klachten fia de webside of it telefoannûmer 0900-1450.

(Advertinsje)
(Advertinsje)