NHL Stenden: Gemeenten sneupe anonym op sosjale media

18 maaie 2021 - 10:49

In protte gemeenten hâlde de eigen ynwenners online yn de gaten, mar dêr is faak gjin protokol of belied foar, en dat kin liede ta "juridisch drijfzand". Dat is dúdlik wurden nei ûndersyk fan ûnder oare Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden.

"Gemeenten witte net wat se wol of net meie", seit de ûndersiker:

It ûndersyk is basearre op literatuer, juridysk boarne-ûndersyk, groepsynterviews mei gemeenten en plysje, en in online fragelist dy't ynfolle is troch 196 minsken dy't wurkje by 156 gemeenten. It is dien troch NHL Stenden en de Ryksuniversiteit fan Grins.

Fan de amtners dy't ûnderfrege binne, seit 95 persint dat de gemeente dêr't se foar wurkje oan online monitoring docht. Mear as de helte seit dat dêr gjin protokol of belied foar is.

NHL Hogeschool yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens ûndersiker Willem Bantema fan NHL Stenden is dat wol nedich. "Sosjale media binne iepenbier, mar dat wol net sizze dat je alles mar dwaan meie mei gegevens dy't je út iepenbiere boarnen helje. In namme, IP-adres, en sels in skûlnamme binne ek persoansgegevens."

"Gemeenten witte net wat se wol of net meie, en binne net op de hichte fan de juridyske kaders", seit Bantema.

As in gemeente witte wol wat der online spilet, kinne se wol 'fenomenen' folgje. Dat smyt yn de measte gefallen gjin juridyske problemen op. Mar as se persoanen of groepen stelselmjittich folgje, komme gemeenten yn 'juridisch drijfzand' telâne, sizze de ûndersikers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)