'Chaos en wanorde' yn Ljouwert nei priisfraach Zalen Schaaf

18 maaie 2021 - 08:29

Net ien fan de trije plannen dy't yntsjinne binne foar de takomst fan it Ljouwerter kultuersintrum Zalen Schaaf, kin rekkenje op in mearderheid. En salang't dy der net is, wegeret it gemeentebestjoer om ien fariant te kiezen.

As de ried der net útkomt, geane alle plannen net troch:

Riedslid Harry Bevers fan de VVD is der min oer te sprekken. "Dit is chaos. En wanorde. Dit is niet uit te leggen."

De Ljouwerter polityk wrakseelt al jierren mei it sealesintrum. In priisfraach hie in ein meitsje moatten oan de ûndúdlikheid, mar de rebûlje waard allinne mar grutter.

Der binne yn totaal trije plannen yntsjinne. It plan 'Speelmanskwartier' krige fan de sjuery de measte punten. Twadde waard 'Schaaf Blijft', en it plan 'Agora' einige op it tredde plak.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Speelmanskwartier: In wiidweidich ferbouwingsplan mei as doel it sealesintrum multyfunksjoneler te meitsjen. Der soe in binnentún komme, en plak foar ateliers en wurkromtes.

Schaaf Blijft: In plan fan de hjoeddeistige eksploitant. Der moat romte bliuwe foar muzyk, mar is it ek de bedoeling dat de seal brûkt wurdt foar langrinnende musical- en teäterproduksjes.

Agora: Dit plan wol fan Zalen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje.

Neffens de FNP is it winnende plan te let yntsjinne, en dêrom soe it hielendal net meidwaan meie. It gemeentebestjoer seit dat it plan wol op tiid klear wie, mar dat it nei in ferkeard email-adres stjoerd is.

Der is no gjin mearderheid foar it winnende plan. De gemeenteried is folslein ferdield. De oare twa plannen kinne ek net op in mearderheid rekkenje.

Aksjefierders yn Ljouwert

De iennige partij dy't oant no ta noch net keazen hie, wie Gemeentebelangen. Dy partij nimt it oardiel fan de sjuery net oer, mar kiest foar Schaaf Blijft. "Er is nog altijd behoefte aan een laagdrempelige culturele voorziening", seit fraksjefoarsitter Gijs Jacobse.

Jacobse fielt him stipe troch in groep aksjefierders, dy't foarôfgeand oan de riedsgearkomste yn in lang lint troch Ljouwert rûnen. Se ha in petysje oanbean oan de gemeenteried, mei 4.500 hantekens fan minsken dy't ek foarstanner binne fan it plan 'Schaaf Blijft'.

Op woansdei 2 juny stimt de ried oer it foarstel om de folchoarder fan de sjuery oer te nimmen. Dat moat dúdlik wurde oft der noch partijen binne dy't fan foarkar feroarje.

De ried moat it iens wurde, want it gemeentebestjoer wol net kieze, seit wethâlder Hein de Haan. "Als de raad geen keuze maakt en geen rangorde vaststelt, dan kunnen wij als college geen gunning doen en eindigt de prijsvraag zonder vervolg."

Riedslid Harry Bevers fan de VVD seit dat de priisfraach no praktysk fan tafel is. "We zijn helemaal terug bij af."

(Advertinsje)
(Advertinsje)