Skipfeartferkear tusken Fryslân en Grinslân kin fierder no't Gerrit Krolbrêge wer iepen is

It skipfeartferkear op it Van Starkenborghkanaal tusken Fryslân en Grinslân kin wer op gong komme. De Gerrit Krolbrêge yn Grins is moandeitejûn nammentlik wer iepensteld foar de skipfeart. De brêge rûn yn de nacht fan freed op sneon in soad skea op troch in oanfarring.
© Evert van den Berg
It Grinzer Van Starkenborghkanaal slút oan op it Fryske Prinses Margrietkanaal en is in wichtige farrûte nei it Eemskanaal. Yn it wykein fear in Dútsk frachtskip tsjin de brêge oan. Troch de skea koe de brêge net mear betsjinne wurde.
Tsientallen skippen koene net fierder en leinen yn Grins te wachtsjen oant se wer trochfarre koene. Ien fan de skippers wie Rinus de Jong fan Sint-Nyk, dy't dêr mei syn binnenfeartskip lei.
Tsjin de skipper fan it Dútske frachtskip is proses-ferbaal opmakke. Rykswettersteat hat beslach lein op it skip. Neffens in wurdfierder is dat in standertproseduere.