By Flylân oantroffen seehûntsje ferneamd nei keninginne Máxima

17 maaie 2021 - 21:07

In seehûntsje dat moandei by de Flylanner haven fongen waard, is neamd nei keninginne Máxima. It is de earste pup dy't seehûnesintrum Pieterburen dit jier opfangt. Om't it om in mantsje giet, hat er de namme Maximo krigen.

Maximo - Foto: Zeehondencentrum Pieterburen

It seehûntsje is fûn by de yngong fan de jachthaven fan Flylân. Hy wie ferswakke en nei alle gedachten te betiid berne. De mem soe him net weromfine kinne en it seehûntsje koe ek net op it plak bliuwe. Dêrom is besletten om Maximo op te fangen. Neffens Pieterburen is it seehûntsje noch swak, mar wurdt er wol goed yn de gaten hâlden troch bistedokters.

Maximo is noch net yn it echt te besjen, want it seehûnesintrum is op it stuit ticht fanwege de coronamaatregels. Belangstellenden kinne it bistje folgje fia de website en de ferskate social mediakanalen fan Pieterburen. "Dêr sille we safolle mooglik updates dwaan fan dizze seehûn", seit Renate Prins fan it seehûnesintrum.

Máxima en Pieterburen beide 50

Dat er nei de keninginne neamd is, hat te krijen mei dat Máxima moandei 50 jier wurden is. Seehûnesintrum Pieterburen bestiet dit jier ek 50 jier.

Renate Prins fan it seehûnesintrum yn Pieterburen

(Advertinsje)
(Advertinsje)