PODCAST: 'Fan binnenút’ oer de langetermyngefolgen fan bernemishanneling

17 maaie 2021 - 20:22

Yn de tredde en lêste ôflevering fan de podcastrige Fan binnenút giet it oer de langetermyngefolgen fan bernemishanneling. Wat gebeurt er yn it liif en mei it brein fan bern dy't mishannele binne? En hoe kinne je dêr positive ynfloed op hawwe?

Jenny de Leeuw is fertrouwensdokter by Veilig Thuis. Sy fertelt oer de lichaamlike en mentale gefolgen dêr't bern mei te krijen hawwe. Femke Boersma is GZ-psycholooch en ortopedagooch. Sy fertelt oer it gedrach fan traumatisearre bern en hoe't je skea herstelle kinne. Beiden fine dat je net betiid genôch begjinne kinne mei it foarkommen fan trauma. It leafst noch foardat in frou yn ferwachting is.

De telefyzjesearje Fan binnenút: wa soarget foar in feilich libben? wie oant en mei 3 maaie op telefyzje te sjen. Yn de oanfoljende podcastrige giet programmamakker Miranda Werkman opnij yn petear mei Veilig Thuis-medewerkers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. De saakkundigen fertelle hoe't je as buorman, juf, beppe of fuotbaltrainer de bern helpe kinne.

Sûnt 3 maaie kaam der foar trije wiken alle moandeis om 16.00 oere in nije podcast fan Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? online. De podcast is te beharkjen op omropfryslan.nl of op Spotify.

Fragen of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of húslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis fia veiligthuisfriesland.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)