Sulver foar Marrit Steenbergen mei estafetteploech op EK swimmen

17 maaie 2021 - 19:28

Marrit Steenbergen is moandei twadde wurden mei de estafetteploech op it Europeesk kampioenskip. Mei Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk en Kira Toussaint swom Steenbergen op de 4x100 meter frije slach nei 3.34,29. De titel gie nei Grut-Brittannië, dat justjes rapper wie as de Nederlânske froulju: 3.34,17.

Foto: Orange Pictures

Nei Kromowidjojo en Toussaint wie Steenbergen as tredde oan bar. Nederlân lei doe al op it tredde plak efter Frankryk en Ingelân. De swimster fan Easterwâlde brocht it gat mei Frankryk werom, mar seach de Ingelske swimsters wol útrinnen. As lêste kaam Heemskerk foar Nederlân yn it wetter. Se hie in machtige einsprint yn 'e hûs, mar dat wie úteinlik krekt net genôch foar it goud.

Yn de foarrondes moandeitemoarn wie Steenbergen oer har hûndert meter krekt wat rapper (53,91) as yn de finale moandeitejûn (54,13). Mei har rappe foarronde soarge se der wol foar dat se ek yn de finale starte mocht. Dat wie foarôf noch mar de fraach, fertelde Steenbergen. Der moasten nammentlik noch twa froulju ôffalle, om't Kromowidjojo en Heemskerk de foarronde oersloegen en der by de finale bykamen.

It is net de earste kear dat Steenbergen mei de estafetteploech in medalje pakt op in EK. Fiif jier lyn waard se Europeeske kampioen mei de estafetteploech.

Utslach 4x100 meter frije slach

1. Grut-Brittannië 3.34,17
2. Nederlân 3.34,29
3. Frankryk 3.35,92
4. Denemarken 3.36,81
5. Sweden 3.38,72
6. Italië 3.39,08
7. Slovenië 3.39,96
8. Hongarije 3.42,31
(Advertinsje)
(Advertinsje)