"Ast dizze line trochlûkst, spilet Hearrenfean aanst degradaasjefuotbal"

18 maaie 2021 - 06:59

SC Hearrenfean sleat snein it seizoen ôf as nûmer tolve fan de earedifyzje. De trainer stimet, de spilers wolle fuort. Hoe grut is de krisis?

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Roelof de Vries folget foar Omrop Fryslân SC Hearrenfean op 'e foet. Hy seach dat de ploech nei in bêste start, wêryn't fyftjin punten út sân duels garre waarden, fier werom sakke.

It spul wie flak en sûnder fenyn. Yllustratyf is dat Hearrenfean út de lêste fiif duels mar twa punten helle. Wylst trainer Johnny Jansen deroer klaget dat de passy en de wil om te fjochtsjen ûntbrekt, sinspylje de spilers op in ôfskied.

Oan 'e hân fan acht fragen leit De Vries de klup ûnder it fergrutglês. As SC Hearrenfean net oppast, spilet de klup neffens him kommend seizoen degradaasjefuotbal.

Hokker rapportsifer joust dit seizoen oan SC Hearrenfean?

"In meager fyfke. Mear kin ik der net fan meitsje. We moatte realistysk wêze oer wat we fan Hearrenfean ferwachtsje, mar de lêste wiken binne se fierstente folle troch de ûndergrins sakke."

Is dit de grutste krisis fan de klup sûnt de opmars midden jierren 90?

"Sportyf sjoen hast wol, ja. Sûnt de lêste promoasje yn 1994 waarden se twa kear earder tolfde. No wer. Dat is wol in djiptepunt. Oan de oare kant is dat wol de nije realiteit. Klups as AZ, Vitesse en Utrecht binne Hearrenfean al lang foarby. Dy ha grutte finansiers."

"Mar sa stadichoan foarmje klups as Fortuna Sittard en FC Emmen ek in bedriging. Dy lêste klup is dit seizoen dan wol as sechtjinde einige, mar hat in grutter spilersbudzjet as Hearrenfean. Hearrenfean sil him de kommende jierren, as it goed giet, rjochtsje op de posysjes acht oant en mei trettjin. En se moatte fol oan de bak om derfoar te soargjen dat dat net leger wurdt."

Cees Roozemond is sûnt twa jier direkteur fan SC Hearrenfean. Yn hoefier falt dizze krisis him oan te rekkenjen?

"Hûndert prosint. Hy hat in bult hea op 'e foarke naam. Dêr rint er ek net foar wei. De tiid is wol kaam dat we him dêrop ôfrekkenje meie. Der binne wat sukseskes boekt, mar it moat better."

Cees Roozemond (l) en Riemer van der Velde - Foto: ANP

Hoe skatsto de posysje fan trainer Johnny Jansen yn?

"Dy is noch net yn gefaar. Fernimst wol op social media dat de druk tanimt, mar ik fyn datst him sitte litte moatst en de kâns jaan moatst om te bouwen. Dit seizoen waarden let yn de tarieding noch spilers taheakke. En ûnderskat net hoe heftich oft it ferstjerren fan Chris de Wagt (trainer Jong Hearrenfean) en de frou fan Hennie Spijkerman (assistint) west hat. Dat hat der flink ynhakke. Jansen hat noch kredyt, mar hy moat kommend seizoen wol sjen litte dat er in team bouwe kin en spilers better meitje kin."

Jansen sei de lêste wiken dat er 'vechtlust en passie' mist yn it alvetal, snein sei middenfjilder Joey Veerman dat er 'schijtziek' wurdt fan datsoarte opmerkingen. Sitte trainer en spilers noch wol op ien line?

"Ik twivelje dêroer. Je krije der net hielendal de finger efter. It broeit wol yn de seleksje. It is net sa dat se inoar de tinte útfjochtsje, mar it sit net hielendal lekker. De frustraasje is grut. Jansen hat ek net foar neat oanjûn dat der takom jier mear karakter yn de ploech moat. Yn dat kader fûn ik de opmerking fan Joey ek hiel apart."

Hoe binne de foartekens foar it nije seizoen?

"Ast dizze line trochlûkst, spilest takom seizoen degradaasjefuotbal. En dan haw ik it oer it lêste diel fan it seizoen. Dat wie abominabel. Der stiet wol in goede basis fan goede spilers. As de juste spilers oanlutsen wurde, benammen spilers dy't mei it mes tusken de tosken doare te spyljen en spilers dy't skoarend fermogen ha, dan haw ik dêr wol fertrouwen yn."

"En dy spilers moatte net op it lêste momint helle wurde, mar op 'e tiid, sadat se de folle tarieding meidwaan kinne. Dan kin Jansen echt bouwe oan in alvetal. It is te hoopjen dat Hearrenfean in goed bedrach krijt foar Joey Veerman. En ik ferwachtsje dat se Van Bergen, Dresevic en Woudenberg yn de etalaazje sette sille. Dy hawwe allegearre noch in kontrakt foar in jier. No kinst noch jild foar se fange, oars rinne se oer in jier transferfrij de doar út."

Joey Veerman, de spiler foar wa't Hearreanfean dizze simmer miljoenen hopet te fangen - Foto: Orange Pictures

Sil de rop om Riemer van der Velde, Foppe de Haan en Gertjan Verbeek wer tanimme?

"Dy druk is der altyd. Harren nammen wurde altyd neamd, foaral op mominten dat it net sa goed giet mei de klup. Sels sizze Van der Velde en De Haan dat se op in leeftiid binne dat se net mear as foarsitter of trainer oan de slach sille. Dat harren stim gewicht hat, is begryplik. Al is dat soms ferfelend foar minsken dy't no by de klup oan it roer steane. It is in publyk geheim dat Verbeek noch wolris oan de slach wol by Hearrenfean. Mar oft de doar noch in kear foar him iepenset wurdt, dat tink ik net."

Fryslân telt kommend seizoen twa earedifyzjeklups. Hokker fan de twa is neffens dy nei kommend seizoen de earste klup fan ús provinsje?

"Ik fyn dat wier in hiel lestige. Ik sis Hearrenfean, mar dat is allinnich op basis fan in wat heger spilersbudzjet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)