TikTokker Jesse van Wieren docht mei yn filmke tsjin homofoby

17 maaie 2021 - 18:18

Jesse van Wieren fan Kollumersweach is ien fan de BN'ers dy't meidocht yn in filmke fan Twadde Keamerlid Rob Jetten fan D66. De fideo is spesjaal makke foar de ynternasjonale dei tsjin homofoby. In hiele rige bekende persoanen lêst foar wat foar homofobe reaksjes sy op sosjale media krije. Jesse hat op TikTok mear as 460.000 folgers en kaam novimber 2019 út de kast op it medium.

It giet om de ynternasjonale dei tsjin lesbo-, homo-, by-, trans- en ynterseksefoby. Alle jierren wurdt dit op 17 maaie holden om minsken mear bewust te meitsjen dat diskriminaasje en haat net kin. 'Homo' heart net brûkt te wurden as skelwurd.

Skyld om je hinne

It bliuwt nedich om hjir omtinken foar te freegjen, merkt ek Jesse van Wieren op. "Doe't ik yn 2019 út de kast kaam, moast ik wol in skyld om my hinne bouwe tsjin alle negative reaksjes. Je moatte der oan wenne en it docht ek wol sear. Mar yntusken haw ik dat skyld wol om my hinne hawwe en kin ik it foar 99 persint wol hawwe. Dy lêste persint komt faak oan op persoanlike dingen, as minsken je echt persoanlik oansprekke."

Foto: Jesse van Wieren

It is gewoan net normaal dat ditsoarte dingen sein wurde, sa fynt er. Dêrom wol hy ek wol meidwaan oan it inisjatyf fan Jetten. "Hy hat my hjir foar frege, dat fûn ik hiel moai. Ik wie eins fuortendaliks entûsjast. Alle lytse bytsjes helpe, hoe mear minsken der efter komme dat it ferkeard is, hoe better it is."

Neitinke

Van Wieren hat al in soad reaksjes krigen op it filmke. "Ek fan oare bekende Nederlanners krij ik wol reaksjes, guon reposte it. Dat jout my in goed gefoel. Wy binne der ek noch lang net, mar ditsoarte dingen helpe wol. Net elkenien tinkt nei oer de gefolgen dy't it hawwe kin."

Wês dysels, doch watsto leuk fynst en lit dyn libben net troch oare minsken bepale.

Jesse van Wieren

Bekende jongelju fan TikTok en Instagram kinne dêr ek by helpe. "Ik fyn it hiel wichtich om soks mei te jaan oan myn doelgroep en myn berik yn te setten. Wês dysels, doch watsto leuk fynst en lit dyn libben net troch oare minsken bepale."

Jesse van Wieren oer de aksje op sosjale media

(Advertinsje)
(Advertinsje)