It Bûtenfjild: is it blaugerslân der oer 20 jier ek noch?

17 maaie 2021 - 17:15

Yn De Maitiidsswalker is Remco de Vries op 'en paad binnen de natuergebieten fan Fryslân. It Bûtenfjild is ien fan dy plakken. Ien fan de bysûnderheden fan it Bûtenfjild is dochs wol it blaugerslân. Op dit fjild binne ferskate gerssoarten te finen dy't op oare plakken hieltyd minder werom te finen binne.

Eartiids waard dit stik lân winterdeis ûnder wetter set, sadat de boeren ien kear yn it jier dêr harren hea weihelje koene foar de kij yn de winter. Hjoed-de-dei komt it grûnwetter net mear sa heech as doe, en wurdt de grûn hieltyd soerder.

Jan Jelle Jongsma fertelt oer blaugerslân

Yn 'De Maitiidsswalker' swalket Omrop-natuersjoernalist Remco de Vries yn seis útstjoeringen troch seis, grutte natuergebieten hinne om dêr maitiidsmerakels fêst te lizzen, sa't hy dat neamt. It programma is op moandei te sjen fan 17.15 oere ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)