"De kâns dat Mühren by Cambuur bliuwt wurdt hieltyd lytser"

17 maaie 2021 - 17:04

SC Hearrenfean is it seizoen einige as de nûmer tolve fan de earedifyzje. En dat is likegoed sportyf as finansjeel besûnder teloarstellend yn dit jubileumjier.

SC Hearrenfean sakke yn de twa lêste wedstriden tsjin Emmen en Sparta fier troch de ûndergrins hinne en trainer Johnny Jansen krijt aardich wat krityk.

Arjen de Boer: "Ik fyn Johnny in besûnder aardige keardel, mar as je de ôfrûne twa seizoenen beoardielje, dan freegje ik my ôf oft Jansen de goeie man is dy't dizze ploech wer op 'e rails krijt."

Eksamenjier

Under Jansen eindige Hearrenfean respektivelik as 10e en as 12e. En dat wylst Hearrenfean noch in geweldiche kompetysjestart hie. Yn de earste sân wedstriden hellen se leafst 16 punten.

Andries Bakker: "Sûnder dy goeie start hie Hearrenfean in degradaasjekandidaat west. Takom seizoen wurdt foar Jansen echt in eksamenjier."

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Der wurdt ek efkes belle mei Harmen Kuperus. De keeperstrainer út Sint-Nyk dy't op de lêste spuldei mei Go Ahead Eagles promovearre nei de earedifyzje.

Kuperus is ek de man efter it sukses fan doelman Jay Gorter dy't dit seizoen leafst 25 kear de 'nul' holden hat en yn de belangstelling stiet fan Ajax.

Kuperus hie petear mei Hearrenfean

Koartlyn waard bekend dat Kuperus takom seizoen as keeperstrainer oan de slach sil by Fortuna Sittard, en dat wylst hy noch in petear hân hat mei Hearrenfean. "Ik haw in goed petear hân, mar dêryn koene se net oanjaan oft der wol as net in plak frijkomt en oft sy al yngripe woene."

Ik bin skrokken fan de omstannichheden by SC Hearrenfean.

Keeperstrainer Harmen Kuperus

It kontrakt fan keeperstrainer Raymond Vissers by SC Hearrenfean rint noch ien jier troch.

"Ik bin skrokken fan de omstannichheden by Hearrenfean, as je op it trainingskompleks fan Skoatterwâld komme, dêr hat de tiid echt stilstien. En dan wurdt it gefaarlik, want alle klups om Hearrenfean hinne hawwe wol ynvestearre yn trainingsfasiliteiten. Want it draait mar om ien ding: better wurde."

Mühren

Neffens Andor Faber wurdt de kâns hieltyd lytser dat Robert Mühren by Cambuur bliuwt. "Mei FC Utrecht en FC Twente komme der hieltyd mear klups by dy't ynteresse yn him hawwe."

Neffens Faber moat Mühren de ambysje hawwe it noch in kear sjen te litten yn de earedifyzje. "Hy wurdt aanst 32 jier. Slagget it net, dan kin hy altyd noch nei Volendam."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje wy ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)