Moat it âlde havenfjoer fan fiskersdoarp De Lemmer weromkomme?

17 maaie 2021 - 15:51

De fraksje fan de PvdA yn De Fryske Marren hat oan it kolleezje frege oft it ek mooglik is om it âlde havenfjoer by de Lemster fiskershaven werom te pleatsen. Yn it ferline stie dit fjoer by de yngong fan de haven, njonken it slûskompleks.

It âlde havenfjoer - Foto: PvdA De Fryske Marren

Neffens de PvdA is der mei it ôfsluten fan de Sudersee in soad ferlern gien fan it âlde karakter fan it doarp. Der binne wol eleminten werom te finen, mar it oansicht fan eartiids wie 'it âlde fjoer.'

Oanwinst

De fraksje tinkt dat it werompleatsen in moaie oanwinst wêze kin foar it toerisme: it ferbynt De Lemmer mei it ferline as fiskersdoarp. Dat soe ek moai by de brune float passe.

Wurk-learprojekt

In nij fjoer soe in plak krije kinne op de havendyk njonken de stoarmbal, by it slûskompleks. De PvdA stelt foar om te ûndersykjen oft it bygelyks ûnderdiel wêze kin fan in wurk-leartrajekt. Soks kin bygelyks mei stipe fan sosjaal wurkbedriuw Empatec, of mei ROC- of VSO-skoallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)