RIVM registrearret minder nije besmettingen, mooglik troch steuring

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 120 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 8 minder as snein, want doe gie it noch om 128 nije besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 148 besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne moandei meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (20), folge troch Ljouwert (18) en De Fryske Marren (12).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der ien persoan mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 2.904 nije coronagefallen registrearre. Dat is it leechste oantal sûnt 16 febrewaris en it binne der 1.590 minder as snein. Doe wiene it der 4.494. De ôfrûne sân dagen waarden der yn trochsneed 5.047 nije coronagefallen de dei meld.
It deisifer fan moandei is net kompleet, want troch in ICT-probleem by de GGD hat it RIVM net alle meldingen binnen krigen. It sifer is yn werklikheid heger.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.