Foar de tredde kear op rige drugs fûn op loadsterrein yn Ljouwert

17 maaie 2021 - 14:09

Foar de tredde kear op rige is in terrein mei loadsen oan de Greunsweg yn Ljouwert sletten fanwege in drugsfynst. Op 25 maart hat de plysje yn ien fan de loadsen mear as 57 gram amfetamine fûn. Boargemaster Sybrand Buma hat dêrom besletten de loadsen in jier lang ticht te hâlden.

Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

It is dus net de earste kear dat der drugs fûn binne. Yn novimber 2020 hat it terrein ek ticht west om't der hast 7 gram amfetamine en in fjoerwapen leine. En yn maart 2020 koe de plysje in himpkwekerij oprôlje.

De earste kear wie it terrein trije moannen ticht, de twadde kear in healjier en no dus in hiel jier.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs Greunsweg
(Advertinsje)
(Advertinsje)