Wurdumers en Swichumers meitsje eigen doarp skjin: "Rinne we dy coronakilo's der ek fuort ôf"

17 maaie 2021 - 14:09

De ynwenners fan Wurdum en Swichum hawwe in bysûndere wize fûn om de 'coronakilo's' der wer ôf te rinnen. Mei gripers, jiskepûden en sels sup-peddels gean se op paad om it eigen doarp skjin te meitsjen. En dat is net om 'e nocht.

Wurdumers en Swichumers meitsje eigen doarp skjin

Benammen by it carpoolplak yn it doarp wurdt in soad ôffal fûn. Der lizze mûlkapkes, mar ek stikken pypskom, plastic tassen en sels stikken hout. Ek op it wetter yn en om it doarp hinne helje ynwenners op in supplanke it driuwende ôffal nei de kant. Sa wurdt it allegear byelkoar garre en yn in grutte kontêner smiten.

Foto: LEO Middelsé

De ynwenners fan Wurdum en Swichum gean alle moannen in kear op 'en paad, mar snein wie ekstra bysûnder om't se in film opnaam hawwe oer de opromaksje. Dy film stjoere se yn om kâns te meitsjen op de 'Zwerfafvalprijs' fan de gemeente Ljouwert. Dy priis wurdt op 21 juny útrikt by in spesjale digitale top oer swalkôffal.

Foto: LEO Middelsé
(Advertinsje)
(Advertinsje)