Diskusje oer gefolgen oanpak Snitserdyk: is twa moannen ticht net te lang?

17 maaie 2021 - 15:10

De Snitserdyk (N354) tusken Snits en Ljouwert is fan moandei ôf twa moannen ticht, om't de provinsje wurket oan de dyk by de buorskip Tsienzerbuorren. Oer de plannen wurdt lykwols ûngelyk tocht. Sa hat it CDA noed oer slûpferkear en fynt de fraksje dat der earst in ûndersyk lizze moatten hie. Mar deputearre Avine Fokkens is it dêr net mei iens.

Snitserdyk ticht

Omwenners fan de dyk waarden moandeitemoarn wekker mei it lûd fan fûgels yn stee fan auto's. "Dat is wol efkes hiel wat oars", seit Jan Miedema. De rêst op de dyk befalt him goed: "It is hjir benammen yn de spits hiel drok. Je hawwe it oer tusken de 10- en 12.000 auto's deis dy't hjir del ride."

Omwenner Jan Miedema

Miedema hopet dat de maatregels de feiligens ferbetterje. Yn it ferline is de snelheid al omleech brocht yn de buorskip nei 60 yn de oere. Dat hat allinnich kwealik wat ferbettere, seit Miedema. "Ja, yn de spits al, mar dêr bûten net. Wy hoopje dat troch it karakter wat doarpser te meitsjen de minsken dit ek echt sjogge as in doarp en dan stadiger ride."

Oare ynrjochting

Oant en mei 16 july kin der gjin ferkear oer de dyk. It giet net allinne om auto's, ek it iepenbier ferfier en fytsers moatte omride. De provinsje hat in omlieding fia Winsum oer de N385 en N359 ynsteld.

Mei de nije ynrjochting fan Tsienzerbuorren komt oar asfalt, der wurde beammen plante en der komt ek oare ferljochting by de dyk. Ek komt der in strook foar fytsers en kuierders.

Hapsnapwurk

CDA-Steatelid Rendert Algra is fan miening dat de oanpak fan de Snitserdyk te folle hapsnap is. "It plan is moai betocht, mar yn it provinsjale bestjoersakkoart is sein dat der útsocht wurde moat wat it bêste is. Dat ûndersyk hat noch net west, as Provinsjale Steaten hawwe wy dêr noch neat oer sizze kinnen. Wy sizze: je kinne better de hiele dyk besjen. Net stikje foar stikje."

It plan foar in ûndersyk leit der dus noch hieltyd. Algra is benaud dat aanst bliken docht dat der dochs dingen oars moatte. "Dat soe jildfergriemerij wêze, dêr binne wy gjin foarstanner fan. As der in bestjoersakkoart leit en je dy wichtich fine, dan moatte je dêr ek nei wurkje. En net samar begjinne."

Slûpferkear

Algra fynt it ôfsluten fan de dyk lang duorjen: "De dyk is no twa moannen ticht, ik fyn dat foar in drokke dyk in hiel skoft." De CDA'er is dêrom benaud foar slûpferkear.

CDA-Steatelid Rendert Algra

Deputearre Avine Fokkens jout yn reaksje oan dat der noait hielendal foarkaam wurde kin dat minsken in slûprûte pakke. "Ik heb liever dat mensen de aangewezen omleidingen volgen. We doen dit om de verkeersveiligheid te bevorderen. Maar als je iets aanpakt, volgt onherroepelijk overlast."

Koarte termyn

Fokkens fynt de krityk fan Algra net hielendal terjochte. "De Staten hebben hier eerder al een besluit over genomen, in goed overleg met de buurtschappen. Het is nodig in het kader van de veiligheid. Wat we nu doen zijn maatregelen voor de korte termijn. Het onderzoek dat er komt is echt voor de langere termijn, dat zal nog wel een paar jaar duren. Maar zo lang kunnen we echt niet wachten."

By Raerd en Easterwierrum moatte noch ovatonden komme. Fokkens kin net útslute dat de dyk letter dus nochris foar in skoft ticht moat. "Dat weten we gewoon niet."

Yn maart stelde de PvdA-fraksje noch fragen oer de takomst fan de Snitserdyk. De PvdA hie soargen oer oft de dyk it ferkear yn de takomst goed oankin en oft de plannen gjin oerlêst opsmite foar omwenners.

Deputearre Avine Fokkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)