Ferrommings fan de coronamaatregels fan woansdei ôf

Fan woansdei ôf meie sportskoallen de doarren wer iepenje, krekt lykas bistetunen en attraksjeparken. Dat jildt ek foar muzykskoallen en swimbaden. Ek meie sekswurkers wer oan de slach en meie terrassen langer iepen bliuwe. Dat hat minister Hugo de Jonge moandei bekend makke.
© ANP Foto
De coronaferrommings dy't premier Mark Rutte ferline wike tiisdei oankundige, waarden moandei offisjeel bekend makke troch minister Hugo de Jonge. "We zien een goede daling, dat betekent dat we geen gebruik maken van de pauzeknop en dat het besluit dat we hebben genomen doorgaat. Maar voorzichtigheid blijft geboden", warskôget De Jonge. "We zijn er nog niet, maar deze stap is verantwoord om nu te zetten."
De ferrommings jilde net foar musea en oare saneamde 'doorstroomlocaties' dy't binnendoar binne. "Daar is het besmettingsrisico nog te groot", leit De Jonge út.
De folgjende stap nei mear ferrommings sil nei alle gedachten oer trije wiken set wurde. "Als het sneller kan, zullen we het sneller doen." Nije wike wurdt der ek sjoen nei it folslein iepenjen fan it middelber en heger ûnderwiis.

De ferrommings op in rychje

Fan woansdei ôf jilde de folgjende ferrommings: