VVD Waadhoeke wol dat kolleezje faasje makket mei sinnepanielen op yndustry

17 maaie 2021 - 12:06

De VVD-fraksje yn gemeente Waadhoeke wol dat it kolleezje mear faasje makket mei it begeunstigjen fan sinnepanielen op bedriuweterreinen en oare bebouwing. De fraksje hat in moasje yntsjinne om te freegjen oft it kolleezje foar 1 septimber mei in dúdlik foarstel komt.

Foto: Shutterstock.com (Panumas Yanuthai)

Yn 2018 hat it kolleezje yn it koälysjeakkoart al tasein yn prinsipe gjin lânbougrûn brûke te wollen foar sinnepanielen. Dat is mei it fêststellen fan de saneamde Duorsumensaginda yn de simmer fan 2020 nochris bekrêftige.

Mar oant no ta is der noch net in útwurking fan dizze ambysje foarlein oan de gemeenteried. Dêr freget VVD Waadhoeke no om. In goede pleatsing fan sinnepanielen is needsaaklik om de kwaliteit fan it lânskip te behâlden, sa stelt de fraksje.

Trefwurden: 
sinnepanielen VVD Waadhoeke
(Advertinsje)
(Advertinsje)