Dyn eigen slaadplantsjes stekke en klean ruilje: sa kinsto duorsum studearje

17 maaie 2021 - 11:38

Klean ruilje, duorsumer itensiede of dyn eigen slaadplantsjes stekke; it binne samar trije foarbylden dy't studinten fan de RUG Campus Fryslân en de Ljouwerter hegeskoallen Van Hall Larenstein en NHL Stenden dizze wike optsjinne krije. Dizze hiele wike stiet nammentlik yn it ramt fan duorsum studearje.

Foto: ANP Foto

In wike lang krije studinten gastkolleezjes en praktyske workshops om sels oan de slach te gean om harren libben duorsumer te meitsjen. Sa is der woansdei in workshop oer it stekken fan plantsjes en wurdt tongersdei in kleanruil op de hegeskoallen organisearre.

Dizze aksjes meitsje diel út fan de Sustainable Student Week. De organisaasje hoopt dat de Sustainable Students Week in jierliks weromkommend projekt wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)