GrienLinks, PvdD en SP wolle strangere hanthavening op stikstofdelslach

17 maaie 2021 - 10:41

De Steatefraksjes fan GrienLinks, PvdD en SP hawwe noed oer de delslach fan stikstof op Fryske natuergebieten. De partijen freegje harren ôf oft de hjoeddeiske Wet Natuurbescherming wol genôch beskerming opsmyt. De fraksjes stelle fragen oan Deputearre Steaten no't bliken docht dat stikstof desastreus west hat foar de soarterykdom op de Feluwe.

In brechje oer it Alddeel yn Natura 2000-gebiet De Deelen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ek yn Fryslân nimt it tal dier- en plantesoarten ôf, mar it is neffens de partijen net dúdlik hoe fluch oft dat giet. Dochs binne de effekten fan desennialange stikstofdelslach 'onmiskenbaar aanwezig', sa skriuwe de partijen.

Bettere monitoring-list

Yn Natura 2000-gebieten wurdt mar mei in beheinde list soarten de ynfloed fan stikstof ûndersocht. Neffens de fraksjes is dy list wat te beheind: ynsekten wurde bygelyks net systematysk teld. De fraksjes wolle dêrom witte oft de list ek útwreide wurde kin.

Dêrnjonken tinke de partijen dat it belied fan hjoed-de-dei benammen rjochte is op Natura 2000-gebieten. Mar ek yn de oare parten fan Fryslân soe mear omtinken wêze moatte foar bioferskaat en natuerwearden. De Wet Natuurbescherming soe dêr hânfetten foar biede moatte.

Fergunningen foar boeren

De fraksjes sjogge ek kritysk nei it jaan fan fergunningen oan boeren. Yn it ramt fan de Wet Natuurbescherming is der in grutte efterstân, de fraksjes sizze dat it der op liket oft alles op alles set wurdt om ûndernimmers mar in fergunning te jaan. Mar de belangen fan de natuer soene dêr ek goed yn meinaam wurde moatte.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Snelheidskontrôle

In oare maatregel om stikstofdelslach te beheinen soe in permaninte trajektkontrôle wêze kinne, sa stelle de fraksjes foar. De snelheid op diken yn it lân is omleech brocht, mar lang net alle automobilisten hâlde harren dêr oan. Dêrom soe de provinsje der op oantrúnje moatte om 'handhaving structureel te intensiveren.'

Trefwurden: 
natuer GrienLinks stikstof SP PvdD
(Advertinsje)
(Advertinsje)