Wapenhannel-saak mei 14 fertochten: "Dat is nogal wat"

17 maaie 2021 - 22:33

De rjochtbank yn Ljouwert is moandei begûn mei de behanneling fan de rjochtsaak Ultegra tsjin 14 fertochten yn de tige grutte wapenhannelsaak yn Fryslân. It giet om de saak dy't spile yn in kringloopwinkel yn Easterwâlde. Foar de saak binne 16 sittingsdagen útlutsen. Op 1 juny komt it Iepenbier Ministearje mei in eask. De útspraak sil wêze op 29 july.

Sjoch hjir nei in oersjoch fan de earste sittingsdei

De kringloopwinkel yn Easterwâlde is neffens justysje it haadkantoar fan de binde, dy't ynternasjonaal operearre. De fertochten binne ferline jier febrewaris oppakt. De plysje die doe 17 ynfallen op ferskate plakken. Dêrby waarden 14 fertochten oppakt, fan wa't der noch trije fêst sitte. De oaren mei it proses yn frijheid ôfwachtsje.

Wapenhandel, import- en export van wapens, fraude, wapenbezit, oplichting verduistering. Er is veel te bespreken.

Parse-offisier fan justysje Debby Homans

Offisier fan justysje Debby Homans leit út dat it om in tige drutte saak giet. "Veertien verdachten, dat is nogal wat. Het gaat ook om veel feiten. Wapenhandel, import- en export van wapens, fraude, wapenbezit, oplichting verduistering. Er is veel te bespreken. De hoofdverdachte wordt ook mensenhandel verweten: hij verzamelde mensen om zich heen en buitte ze uit. Hij stelde grote zaken in het vooruitzicht, maar kwam beloften niet na."

Parse-offisier fan justysje Debby Homans

De earste fertochte dy't moandei foar kaam, in man fan Ljouwert, hat yn it ferline by Definsje wurke as wapensaakkundige. Hy wie in freon fan de haadfertochte. De Ljouwerter joech yn de rjochtbank oan dat er wolris wat wapens reparearre hat, mar der ek net folle oer neitocht. In wapen is net gefaarlik, allinne de persoan dy't it fêst hat, sa ferklearre hy. Efterôf sjoen hie er earder 'nee' sizze moatten, mar dat hat er net dien, sa joech er ta.

Wapens

De wapens waarden ynfierd fanút it eardere Joegoslavië en benammen trochferkocht nei België. Dêr waard yn in stêd flakby Antwerpen in plastic tas fan Poiesz supermerken fûn mei acht granaten der yn. Op dizze granaten siet DNA fan de leden fan de wapenbinde út Noard-Nederlân.

De haadfertochte - in 35-jierrige man út Easterwâlde - wurdt troch it Iepenbier Ministearje sjoen as bindelieder. Hy joech de opdrachten en twong respekt ôf troch geweld te brûken tsjin oare bindeleden. De haadfertochte makke gebrûk fan minsken dy't it net rom hiene. Sy krigen iten, drinken, ûnderdak en drugs, mar moasten yn ruil wol fan alles foar him dwaan. Der samar útstappe koe net, want dan waard mei geweld drige.

Earst hûs, letter kringloop

Yn 't earstoan wurke de haadfertochte út syn eigen hûs wei. Mei in meifertochte út Slovenië kaam er oan it haad fan in grutte binde te stean. De wente fan de haadfertochte hong fol mei kamera's. Ein 2019 waard dy lokaasje ynwiksele foar de kringloopwinkel. It ûndersyk fan de plysje begûn al yn 2018.

Geheimtaal

De binde like in bytsje op in motorklup. Yn harren kommunikaasje brûkten de bindeleden spesjale wurden foar de ferskate wapens. Sa hiene se it bygelyks oer aaien, appels en Kindersuprises. In appel wie bygelyks in hângranaat.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de saak Ultegra

Om de binde te ûntmaskerjen, die de plysje twa saneamde 'pseudo'-oankeapen. Neffens justysje posearren de bindeleden ek mei de wapens en brûkten se om minsken benaud te meitsjen. "De bende liet met geweld gezag gelden binnen en buiten het criminele milieu. Zo werd vanwege een conflict over drugs een handgranaat gehangen aan de deur van een tegenstander. De recherche heeft foto's en video's gevonden waarop verdachten poseren met vuurwapens."

Wat is de saak Ultegra?

De saak Ultegra giet om ynternasjonale wapenhannel en ynternasjonale drugshannel. In binde helle wapens út East-Europa, dy't yn Nederlân en België ferhannele waarden. Justysje die ein febrewaris op 17 ferskate plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar fan de binde wie neffens it IM de kringloopwinkel yn Easterwâlde.

Op 1 juny komt it Iepenbier Ministearje mei in eask. De útspraak sil wêze op 29 july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)