Skipper Rinus leit noch altyd fêst yn Grins: "Dit kin noch wol efkes duorje"

In wykeintsje nei Grins; foar guon minsken is it in frijwillige kar. Foar skipper Rinus de Jong fan Sint-Nyk leit it krekt wat oars. Hy kaam sneon mei syn skip stil te lizzen foar de stikkene Gerrit Krolbrêge yn de Grinzer haadstêd. En dêr lei er moandeitemoarn noch altyd. "Wy binne noch neat wizer wurden."
© ANP Foto
Yn de nacht fan freed op sneon fear in Dútsk skip tsjin de Gerrit Krolbrêge yn Grins oan. Hjirtroch is de brêge slim skansearre en is it folsleine Van Starkenborghkanaal blokkearre. Yntusken lizze der sa'n tritich skippen te wachtsjen.
Ien fan harren is Rinus de Jong. Hy hat op dit stuit gjin guod oan board, mar soe moandeitemiddei yn Amsterdam in nije fracht lade moatte. "Dan soe ik in stikje fleane moatte, dat slagget my net."
Skipper Rinus de Jong

Lek ponton

Om de skea oan de brêge te ferhelpen, waarden dit wykein grutte kranen op in ponton set. "It is mei it takeljen snein lykwols net hielendal gong sa't se hopen", fertelt Rinus. "It ponton dêr't de brêge op leit, is lek. En dus moatte wy wachtsje. Wy ha gjin oare kar."
De iennige oplossing is om werom te farren fia Dútslân. "Dat is trije dagen omfarren. Dat dogge wy ek mar net", skodhollet Rinus. Hoe lang't it allegear noch duorret, doart er net te sizzen. "Ik lis om de bocht, dus ik kin de brêge krekt net sjen. Ik kuierje sa no en dan nei de brêge foar in update. Mar ek dêr kinne se my net folle fertelle."

Fersekering belje

Alle dagen dat Rinus net fart, kostet it jild. "Dit kin noch wol efkes duorje. Wy moatte aanst de fersekering mar ris ynskeakelje. Mar hoe't dat krekt wurket, wit ik ek net. Sa faak ha wy dit gelokkich net by de ein."