Kollum: "Feike-dei"

17 maaie 2021 - 08:20

"Ofrûne dagen wie ik efkes frij. Al hiel lang stie der 'Weekendje weg' yn myn aginda. Mar yn stee fan in 'weekendje weg' waard it - jawol - in kluswykein. Net lang útsliepe en de hiele dei hearlik yn de sinne boekje lêze of kuierje, mar betiid de wekker sette om de keuken te sauzjen en glêsfezelbehang te plakken.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Al hiel lang ha ik it foarnimmen om faker in Feike-dei yn te plannen yn myn aginda. In Feike-dei is in dei datst hielendal neat hoechst en allinnich dingen dochst dy'tst leuk fynst om te dwaan. Dizze dei tanket syn namme oan myn Omrop-kollega Feike. Hy fertelt alle moandeis as ik op de redaksje kom oer syn wykein en stikem wurd ik dan altyd in bytsje jaloersk.

Feike begjint syn wykein moarns mei de krante, in relaxed moarnsbrochje, in kop kofje yn de sinne op de flonder en dan wurde der plannen makke foar it wykein. Is it moai waar dan giet er te kuierjen of te fytsen. Reint it dan wurdt der gesellich borrele mei wat lekkers of sjocht er nei in searje op Netflix yn syn 'mancave'. It heart ultym ûntspand.

Presys dat wol ik ek. Mar by ús einiget elke foarnommen Feike-dei yn in klusdei. Der is hjir yn en om hûs hinne sa folle wurk te fersetten dat in kop kofje moarns yn de serre steefêst einiget yn in to-dolist foar dy dei. As ik allinnich mar om my hinne sjoch bûten, dan binne der sa wol tsien dingen dy't noch dien wurde moatte.

De fiver moat leechpompt, sadat der skjin wetter yn kin in ferfrissende dûk yn de simmer. De dikke beamstammen dy't der al hast twa jier lizze, moatte noch altyd yn stikken seage en spjalte wurde. It karrehok dat op ynstoarten stiet en lekt as in tjems, moat opknapt wurde. It paadsje troch de tún soenen wy op 'e nij strate. It gers meane. It pikehok renovearje. De reinwetterôffier oanpakke. It hâldt net op.

En dan ha ik it noch net iens oer binnen hân. Wy moatte noch altyd de sliepkeamers ôftimmerje, de âlde skoarstien slope, de plinten plakke, de kezinen fervje, de foardoar skilderje, de finsterbanken ôfkitte, it skuonnerek ophingje en de boekekast bouwe. It to-dolistje liket allinnich mar grutter te wurden hoe langer wy hjir wenje.

Dit wykein ha wy de keuken sauze. Lang om let is dy dan ek einlik klear. Krekt as de wenkeamer en de nije badkeamer. En sa wurkje wy stapke foar stapke oan ús dreamhûs. Stikem tink ik noch wolris werom oan ús eardere hûs yn Drachten. Nijbou, perfekt isolearre en hielendal klear. In tún fan 4 by 5 meter mei allinnich stiennen en heechút wat ûnkrûd tusken de tegels dat wy der yn it wykein útskuorre moasten.

Wat hienen wy dêr yn Drachten yn de coronatiid alle dagen by d'ein ha moatten, freegje ik my dan ôf. Dan soenen al myn frije dagen út allinnich mar Feike-dagen bestean. Ik leau dat sa'n Nynke-dei dan dochs better by my past. Jou my mar in bierke yn de sinne mei de sausklodders noch yn it hier oan it ein fan in dei hurd klussen. Ha 'k moandeis ek wer wat oan Feike te fertellen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)