Sûnt 25 jier wer in rûntsje mei de boat troch it sintrum fan Snits: "Efkes moai fut nou!"

17 maaie 2021 - 07:46

Trije brêgen yn de Snitser binnenstêd wienen de ôfrûne dagen sûnt 25 jier wer ris iepen. Fan tongersdei oant snein wie der in proef, wêrby't de brêgen mei de hân betsjinne waarden. En dat kaam der op oan. "Mijn armen waren aardig aan het tintelen 's avonds."

Boatsjefarders binne bliid mei de proef

It plan om de Snitser binnenstêd te iepenjen foar boaten, komt fan stichting Waterstad Sneek. De stichting wol sa mear toeristen yn it sintrum krije. Dêrfoar wurde yn totaal seis brêgen lâns de farrûte oan de Swette iepene foar sloepen en motorboaten oant oardel meter.

Lekker rêstich

De boatsjefarders koene sa de rûntsjes troch Snits en de Alvestêderûte folgje. Foar guon boatsjefarders, lykas de famylje Kooistra wie snein de proef al slagge. "Nou kinne we einliks in moai rûntsje om Snits meitsje. Lekker rêstich", sei Arjen Kooistra oer de Snitser stedgrêften.

En smoardrok!

Brêgewipper Siebe Boomstra wie ien fan de brêgewippers dy't de brêgen mei de hân betsjinje moast. Hy waard somtiden platbelle troch boatsjefarders. "Ik moest heen en weer vliegen naar die bruggen. Dat was wel even pielen. Mijn armen waren aardig aan het tintelen 's avonds, weest wel", fertelt Boomstra.

Wetterkaart mei brêgen - Foto: St. Waterstad Sneek

It doel fan it iepenjen fan de trije brêgen wie om te sjen oft boatsjefarders it sintrum fine koenen. Dat wie dus it gefal. Stichting Waterstad Sneek en de gemeente Súdwest-Fryslân hâlde yn july en augustus de echte proef mei it iepenstellen fan de Snitser grêften foar de boatsjes.

Harkje nei de repo fan Ronnie Porte

(Advertinsje)
(Advertinsje)