Start fan de eksamens: "Anderhalve meter afstand houden, zijn we bij de eindexamens wel gewend"

17 maaie 2021 - 07:01

Swithantsjes, triljende fingers en it hert dat dy yn 'e kiel bûnzet; fan moandei ôf is it wer safier: de start fan de eineksamens. Dit jier bart dat op oanpaste, 'coronaproof' wize. Yn tsjinstelling ta ferline jier meie learlingen dit kear wol op skoalle eksamen dwaan.

It begûn moandei ûnder oare mei it fak bedriuwsekonomy foar de havo

De measte skoallen organisearje harren eineksamens op de eigen lokaasje. Fansels wurdt dêrby rekken hâlden mei de coronamaatregels. Mar dreech is dat dit kear net. "Anderhalve meter afstand houden, zijn we bij de eindexamens al zo jaren gewend", fertelt Anne Leijenaar, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan CVO Zuidwest Fryslân. Hjirûnder falle de lokaasjes fan CSG Bogerman yn Snits, Koudum en Balk en it Marne College yn Boalsert.

Bekroaning fan it jier

It eineksamen is dit jier de bekroaning fan in bysûnder jier, fertelt Leijenaar. "Leerlingen hebben zich op een andere manier moeten voorbereiden. Veel lessen waren online of in een aangepaste vorm. Vandaar dat het eindexamen dit jaar iets anders is. Leerlingen mogen een extra onvoldoende wegstrepen, een extra vak laten vallen en er is een extra tijdsvak ingesteld voor herkansingen."

Soargen oer corona

Leijenaar is wiis dat learlingen dit jier wol eksamen dwaan kinne. "Gelukkig wisten we al ver van tevoren dat het examen door zou gaan. Zowel docenten als leerlingen hebben zich goed kunnen voorbereiden." Soargen oer coronabesmettings hat Leijenaar net. "Wanneer er corona wordt ontdekt en iemand kan geen examen doen, dan betekent dat dat hij naar een tweede tijdsvak gaat."

Anne Leijenaar oer de eksamens

Pittige start

Moandeitemiddei sette de eksamens útein. Foar learlingen fan it vwo stiet it eineksamen wiskunde op it programma. Learlingen fan de havo bûge har oer it eineksamen fan it fak Bedriuwsekonomy. Foar vmbo-learlingen begjint it eksamen mei it fak Nederlânsk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)