Tekstylsjauffeurs fiere aksje foar bettere cao

16 maaie 2021 - 21:44

De sjauffeurs fan tekstylfersoarger CWS yn Drachten fiere moandei aksje foar in bettere cao. Neffens fakbûn FNV wachtsje de meiwurkers al moannen op in leansferheging.

Foto: Shutterstock.com (welcomia)

By it logistyk sintrum yn Drachten wurkje sa'n 30 sjauffeurs. Sy ride mei wask, handoeken en moanneferbânkonteners nei klanten. Dit binne benammen bedriuwen yn de yndustry.

De sjauffeurs nimme moandei brieven mei wêryn't se útlizze wêrom't se aksjefiere. Ek sil der in spandoek ophongen wurde by it kantoar yn Drachten.

Sûn nei it pensjoen

De meiwurkers wolle in leansferheging fan fiif prosint. Fierder wolle se in swier-wurkregeling en in generaasjepakt. In soad meiwurkers binne benaud dat se net yn folle sûnens harren pensjoen helje.

It giet foarearst om freonlike aksjes, mar mocht der gjin skot yn de saak komme slút it bûn hurdere aksjes net út.

Trefwurden: 
aksje CAO fakbûn CWS
(Advertinsje)
(Advertinsje)