Hast wite reek nei drege ûnderhannelings oer nije arbeidsmerk

Slaande doarren bytiden, mar se komme derút; fakbûnen en wurkjouwers binne dwaande mei in brief mei winsken foar in nij kabinet. Takom wike leit it der, seit foarsitter Piet Fortuin fan de CNV.
Piet Fortuin oer de ûnderhannelingen oer in brief oan de ynformateur © Simone Scheffer
De ûnderhannelings wurde dien ûnder lieding fan de nije ynformateur Mariëtte Hamer. Fakbûnen en wurkjouwersorganisaasjes prate oer foarstellen foar in earlikere arbeidsmerk oan it nije kabinet.
Takom wike leit dat akkoart der, ferwachtet foarsitter Piet Fortuin fan fakbûn CNV. Hy is mei oare fakbûnen en wurkjouwersorganisaasjes yn ûnderhanneling oer wat wol en wat net yn it akkoart komme moat.
Yn it akkoart stiet wat it nije kabinet neffens wurkjouwers en fakbûnen de kommende fjouwer jier dwaan moat. It is in winskpakket. De ôfspraken gean benammen oer in earlikere arbeidsmerk. Der stean ek foarstellen yn oer hoe dit finansjeel ferantwurde kinne moat.
Ik bin net ien dy't mei doarren slacht.
Piet Fortuin
De ûnderhannelingen kealje swier, want de belangen fan wurknimmers en wurkjouwers binne hiel ferskillend. De ûnderhannelers hawwe twa nachten trochhelle. De sfear wie oer it algemien goed, mar der is ek mei de doarren slein. Fortuin hat soks sels net dien, seit er.

Oprinnende emoasjes

Dy emoasjes komme trochdat it oer sifers giet. De wurkjouwers wolle gjin lêsteferhegingen en wurknimmers wolle ek net swierder belêste wurde. Mar de krisis moat wol earne fan betelle wurde,
Neffens Fortuin moat der earst wer in nij stipepakket komme oant desimber. Dêrnei moat sjoen wurde hoe't de ekonomy wer op gong holpen wurde kin.

Minder flekswurk

It nije akkoart rjochtet him op in earlikere arbeidsmerk. Minder flekswurk en draaidoarkonstrukjes. Dat lêste betsjut dat minsken ûntslein wurde en letter wer oannaam. Fierders moat it minimumlean ferhege wurde.
De balâns tusken fêst en flekswurk moat weromkomme. De ôfrûne tsien jier is dy trochslein. Twa miljoen minsken libje yn ûnwisse arbeidsrelaasjes. Benammen jonge minsken rekket soks bot.
© Simone Scheffer
Oan de oare kant moatte wurkjouwers ek net klem set wurde, neffens Fortuin. Dêroer moat ek neitocht wurde.
Fierders binne de ferhegings fan de minimumleanen ek ûnderwerp fan it petear en de ûnderhannelings. Yn in soad partijprogramma's is dat al neamd, mar dêr sil neffens de foarsitter fan it CNV echt wurk fan makke wurde moatte.
Minsken wer yn tsjinst nimme is ien fan de winsken. Foar benammen lytse ûndernimmers is dat dreech. Se binne kwetsber yn de bedriuwsfiering en as in wurknimmer yn in lyts bedriuw bygelyks siik wurdt, hat dat grutte konsekwinsjes foar in lytse mkb'er.
Yn it akkoart sitte ek finansieringsfoarstellen hoe alles te bekostigjen. Dat lêste hat mei belestingen te krijen. Der moat besjoen wurde hoe't it belestingsysteem feroare wurde kin.

Mear solidariteit

As it nije kabinet de ôfspraken yn it nije akkoart útfiert, soe dat in kanteling betsjutte nei 'mear brede wolfeart'. De leanen wurde earliker ferdield en elkenien kin wer meidwaan. En der moat minder kontrôle komme, fynt Fortuin. It giet foar de fakbûnen ek om mear solidariteit yn de mienskip.
Boppedat moat de oerheid minsken wer mear fertrouwe. Fortuin neamt in foarbyld: Yn Brabân rint in eksperimint. Minsken mei in útkearing hoege dêr gjin bontsjes mear sjen te litten en hawwe gjin sollisitaasjeplicht mear. Dêr komme minsken makliker oan wurk as wannear't der in soad kontrôle is. De measte minsken doge, dêr moatte jo fan útgean, seit Fortuin.
De petearen rinne nei de ein ta. Fortuin seit dat it spannend is, mar hy is optimistysk en tinkt dat begjin nije wike de brief mei winsken klear is.
Piet Fortuin oer ûnderhannelings wurkjouwers en fakbûnen yn Buro de Vries