Joey Veerman nei sloppe wedstriid: "Gezeik over passie, ik word daar schijtziek van"

16 maaie 2021 - 18:46

Sportklup Hearrenfean liet him yn de lêste wedstriid fan it seizoen net fan syn bêste kant sjen. De Feansters giene yn eigen hûs mei 2-1 ûnderút tsjin Sparta Rotterdam. Dêrmei komt in ein oan in teloarstellend seizoen foar de Feansters.

Ek foar middenfjilder Joey Veerman wie it in frustrearjende middei. "Zoals zo vaak het geval was", fersuchtet de Volendammer nei ôfrin fan de wedstriid. Op de fraach hoe't it dan kin dat it sa min rint by Hearrenfean hat Veerman net in konkreet antwurd: "Er zijn zoveel redenen, kansen missen, niet goed spelen, het ligt niet aan één ding."

Dúdlik is neffens de middenfjilder wol dat de ynset of hâlding gjin reden wiene foar it minne spul fan de Feansters. "Ik vind dat altijd onzin, met energie een strijd leveren, iedereen wil een wedstrijd winnen."

Veerman seit dat de ploech wol deeglik striid levere hat yn de wedstriid tsjin Sparta, mar dat it gjin resultaat opsmiten hat. "Ik merk dat dit in Heerenveen altijd wordt genoemd. 'Met strijd en passie.'" Veerman fynt dit lykwols net de kearn fan it probleem. "Daar moeten we dus ook maar eens vanaf, dat 'strijd en passie' want daar wordt je ook schijtziek van."

Harkje nei it ynterview mei Joey Veerman

De rem derop

Trainer Johnny Jansen fynt, as er weromsjocht op it seizoen, dat syn ploech it goed dien hat tsjin tsjinstanners út de rjochterrige, mar dat se stekken falle litten hawwe tsjin ploegen út de boppeste helte fan de kompetysje. Sparta Rotterdam is dêr no ek ien fan, want dy meie har ynkoarten melde foar de play-offs foar Europeesk fuotbal.

Jansen hie foarôfgeand oan de wedstriid in dúdlik plan opsteld om de Spartanen oan te pakken, mar it resultaat kaam net. Hy wie dan ek net tefreden oer it spul: "Wat je dan ziet is dat de ruimtes te groot worden en dan kom je niet in dat gevecht wat je graag wilt."

Yn tsjinstelling ta Veerman sjocht Jansen wol dat de ploech noch in stap sette kin as it giet om passy en enerzjy: "Misschien dat we met de rem erop spelen."

Nije spiler

Nei ôfrin fan de wedstriid waard bekend dat Hearrenfean kommend seizoen ferdigener Milan van Ewijk oernimt fan ADO Den Haag. De 20-jierrige rjochtsback hat foar fjouwer seizoenen tekene by de Feansters.

Van Ewijk hat 44 wedstriden spile foar ADO, en waard yn it seizoen 2019/2020 útliend oan Cambuur. Hy komt oarspronklik út de jeugd fan Feyenoord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)