Gjin olympysk ticket foar roeister Aletta Jorritsma

"Teloarstellend dat we net ús bêste race fearn hawwe." Roeister Aletta Jorritsma klinkt in pear oeren nei it misrinnen fan in olympysk ticket noch wat berêstend. It komt noch net echt binnen, jout se oan. Op it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Luzern kaam Jorritsma yn de Frouljus Acht yn de finale as fjirde oer de streek. In plak by de earste twa wie nedich om nei de Spelen te meien.
Foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese © Merijn Soeters
De Nederlânske froulju wisten dat se by de start fuort mei moasten mei de Roemenen en Sinezen. Sneon waarden se noch ferrast troch de Sineeske froulju, dy't doe nei de oerwinning roeiden. Sneintemoarn wie it doel dan ek om har net wer oerfalle te litten. Sadwaande koene se net hielendal har eigen race farre en kamen se net yn har krêft. "Miskien sieten we yn it begjin te heech yn 'e beam, mar we moasten it sa besykje en spitigernôch is it sa einige."
Jorritsma is bot teloarsteld mar ek realistysk: "De Roemenen en Sinezen wiene in maat te grut en ik freegje my ek ôf as wy ús bêste race fearn hiene as wy it dan wol helle hiene."
Se wol it ferlies earst ferwurkje foardat se wat sizze kin oer de takomst.
Aletta Jorritsma: hiel teloarstellend