Tal nije besmettingen leger as gemiddelde fan dizze wike

16 maaie 2021 - 15:23

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 128 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 40 minder as sneon, doe wienen der 168 nije besmettingen. Gemiddeld waarden der yn ús provinsje yn de ôfrûne wike alle dagen 150 nije besmettingen teld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen waarden snein meld yn de gemeente Ljouwert (30), dêrnei folgje de gemeenten De Fryske Marren (20), Opsterlân en Waadhoeke (10).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Wol binne der yn de ôfrûne dei trije Friezen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs.

Lanlik binne der 4494 nije positive testen meld. Dat is ek leger as it gemiddelde oer de ôfrûne sân dagen, dat wie 5479.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)