Wannear is brêge yn spoarferbining Fryslân-Hamburg wer makke?

De iene stikkene brêge is de oare net. De gemeente Grins wol de kapotte brêge oer it Van Starkenborghkanaal yn de stêd mei faasje oanpakke. De stikkene spoarbrêge yn de treinferbining Fryslân-Hamburg is nei seis jier noch hieltyd net makke.
© ANP
Wylst it werstel fan de stikken fearne spoarbrêge yn Dútslân noch wol jierren duorje kin, binne de earste tariedings by de brêge yn de trochgeande farrûte fan Fryslân rjochting easten in dei nei it ûngelok al begûn.
It dek fan de brêge yn it Van Starkenborghkanaal yn Grins wurdt snein fuorttakele. Dêrnei besjocht de gemeente hoe't it moat mei de reparaasje. Se stribje yn alle gefallen in rap werstel nei. De nije brêge leit der nei alle gedachten earder yn as dy yn Dútslân.
De Gerrit Krolbrêge rûn de nacht fan sneon op snein grutte skea op trochdat der in frachtskip tsjinoan fear. Sûnt dy tiid kin alle ferkear der net del. Ek skipfeart op de rûte De Lemmer-Delfsyl leit stil.

Friesenbrücke

Mar hoe sit it no eins mei de trochgeande spoarline nei Hamburg? De brêge oer de Eems by it Dútske Weener is al sûnt 2015 stikken.
In frachtskip ramde de wichtige spoarbrêge foar it treinferkear fan Fryslân oer Grinslân nei Hamburg en fierder nei it noarden of easten.
Mei de reparaasje, weropbou of nijbou keallet it wat swierder. De bou yn 1951 duorre in jier, skriuwt de Ostfriezen-Zeitung, mar nei hast seis jier kinne de treinen der noch net oerhinne. Treinreizgers moatte al dy tiid in stik mei de bus.
Al seis jier gjin treinferkear mooglik fan Fryslân nei Hamburg © Google Earth
De Deutsche Bahn wol in ferlykbere brêge bouwe. De grutte Meyerwerf yn Papenburg wol leaver in draaibrêge. Dan is der mear romte foar de megagrutte cruise-skippen, dy't sy dêr bouwe, om der del te farren. De draaibrêge komt der ek. De Ostfriesen-Zeitung hat it oer in hef-draaibrêge.

Tydlik ferfier? Fyftjin jier mei de bus

Sa't it no liket set de bou takom jier útein, dus yn 2022. Dan soene yn it jier 2024 wer treinen oer de brêge ride moatte. Neffens meardere Dútske media kin de bou ek wolris útrinne en is alles net earder klear as yn it jier 2030. As dat sa is, hawwe Fryske treinreizgers fyftjin jier mei de bus moatten foardat se wer gewoan trochride kinne mei de trein nei Bremen, Hamburg en Kopenhagen.

Lelyline

It werstel fan de treinferbining oer de saneamde Friesenbrücke by Weener is ek foar de eventuele komst fan de Lelyspoarline oer Grins nei Bremen en Hamburg fan belang. Treinferkear kin dan in noardlike rûte folgje fan de Rânestêd nei Noard- en East-Europa.