FIDEO: Tsjerketsjinst yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst fan 10.00 oere ôf út de Grutte Tsjerke yn Dokkum wei.
De foargonger is dûmny Hans Oosterhoff. Auke de Boer bespilet it oargel en der is fierdere muzikale meiwurking fan it koar Cantorale, ûnder lieding fan Anne de Bruijn.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst fan snein 16 maaie 2021.