Skipper Rinus de Jong leit fêst foar Gerrit Krolbrêge: "Wy lizze mar foar de film"

15 maaie 2021 - 21:00

Skipper Rinus de Jong fan Sint-Nyk hie eins in hiel relaxt wykein pland, mar troch in grutte oanfarring yn Grins leit er no op syn binnenfeartskip te wachtsjen foar't er wer fierder kin. Yn de nacht fan freed op sneon fear in Dútsk skip tsjin de Gerrit Krolbrêge yn Grins oan. Hjirtroch is it folsleine Van Starkenborghkanaal blokkearre.

Foto: ANP

De Jong kaam sneontemoarn mei syn skip oan by de brêge. "Wy hawwe justerjûn yn Delfsyl slept, en doe seine se dêr al dat der in steuring wie oan de brêge." Net wittende dat de steuring in flinke oanfarring wie mei grutte skea, is De Jong sneontemoarn ûnderweis gien nei Fryslân. Oant er dus foar de brêge stil kaam te lizzen. Om de tiid troch te kommen sykje se wat ferdivedaasje, en binne se dwaande mei de tarieding fan in goed jûnsmiel. "Wy lizze mar foar de film, eefkes relaxe."

De tiid rint lykwols troch, en De Jong moat moandeitemiddei alwer nei Amsterdam om te laden. De hoop is dus dat der gau wat feroaret oan de sitewaasje yn Grins. "Der binne twa kranen ûnderweis, en der leit in ponton klear." It is de bedoeling dat de kranen sneontejûn klearset wurde, om alles út de farrûte te takeljen. "As it allegearre in bytsje flot giet, soene wy hjir sneintemoarn wer wei kinne."

Wat der no krekt bard is yn de nacht fan freed op sneon is ek foar de binnenfeartskipper in grut mystearje: "Ik doar it net te sizzen wat dy manlju by de ein hân hawwe."

Ien ferklearring soe wêze kinne dat de skippers net bekend wiene mei de sitewaasje yn Grins. "As je hjir nea komme: der sitte twa fytsbrêgen foar de Krolbrêge, oan beide kanten, en dêr kinne je ûndertroch. Mar dy draaibrêge leit der tuskenyn. Dus ast hjir sûnder kaarten komst, dan kinst tinke datst der gewoan ûndertroch kinst." Mar dat koe dus net, sa die wol bliken.

Harkje nei in petear mei skipper Rinus de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)