Volendam-ferdigener Marco Tol medysk goedkard by SC Cambuur

Sportklup Cambuur liket in nije spiler binnen te hawwen: ferdigener Marco Tol (23) hat de medyske keuring trochstien. Dat sei de ferdigener sneon sels tsjin NH Sport, nei de ferlerne play-off wedstriid fan syn klup FC Volendam.
Marco Tol troch de medyske keuring by Cambuur
De transfer is noch net definityf, Tol moat noch tekenje by Cambuur. De sintrale ferdigener hat in ôfrinnend kontrakt en kin dus transferfrij oerkomme. Cambuur wie al in skoftke dwaande mei Tol: yn april sei technysk manager Foeke Booy al dat der in persoanlik akkoart wie.
Tol makke yn septimber 2017 syn debút by Volendam. Yn de earste difyzje kaam er ta 99 wedstriden, wêryn't er fjouwer goals skoarde.