Roeister Aletta Jorritsma moat oan de bak nei "klap yn gesicht" op OKT
"In klap yn ús gesicht", sa omskriuwt roeister Aletta Jorritsma fan Tsjummearum de útslach fan de kwalifikaasjerace fan it Olympysk Kwalifikaasje Toernoai. De Nederlânske Frouljus Acht waard tredde, wylst de froulju by de beslissende race op snein top-twa roeie moatte om nei Tokio te meien.
De Nederlânske roeisters waarden op de Rotsee by it Switserske Luzern ferrast troch Sina, dat sneon de rapste wie. "Dy spurten der yn de start fan troch, it oerkaam ús in bytsje te folle", fertelt Jorritsma. "Moarn moatte wy gewoan fan de start ôf dwaan wat wy it bêste kinne: oanfalle."
Klap yn it gesicht
De "klap yn it gesicht" fan de race fan sneon, is ekstra motivaasje, seit Jorritsma. "Dat kinne wy brûke foar snein. We ha in underdogposysje, dat kin ek tafalle. We moatte dit mei-inoar omdraaie."
Utslach kwalifikaasjerace Frouljus Acht
1. | Sina | 06.11,28 |
2. | Roemenië | 06.13,46 |
3. | Nederlân | 06.19,74 |
4. | Dútslân | 06.23,29 |
5. | Ruslân | 06.28,34 |
Op it Europeesk kampioenskip yn april waarden de froulju noch twadde, efter de Roemenen. Neist Roemenië en Sina dogge ek Dútslân en Ruslân noch mei. "Dat wurdt wol spannend, want wy moatte de Roemenen of de Sinezen ferslaan. Roemenië ha wy dit seizoen noch net ferslein. En de rest sil ek 'gehaaid' wêze."
De finale stie earst foar moandei op it programma, mar fanwege min waar dy dei is de race al op snein. "Mar ik tink dat dat foar ús net folle útmakket," ferwachtet Jorritsma. "We witte wat we feroarje wolle."