Brief Omgevingsberaad Waddenzee nei minister oer stroomkabel Skiermûntseach

15 maaie 2021 - 19:35

It ministearje fan Ekonomyske Saken moat nochris sjen nei it trasee fan de stroomkabel dy't in nij oan te lizzen wynpark op de Noardsee ferbine moat mei de fêste wâl. Op Skiermûntseach is in soad ûngerêstheid oer de kabel dy't no dwers troch it eilân pland stiet. Omgevingsberaad Waddenzee sil yn in brief oan de minister freegje om in bettere ûnderbouwing fan de rûte oer it eilân.

Foto: ANP

De westlike rûte fan de stroomkabel giet ûnder it eilân troch. De eastlike rûte rint troch see. It ministearje hat keazen foar de fariant dwers troch it eilân hinne, wylst natuerorganisaasjes en de eilânbewenners leaver de eastlike rûte troch see wolle.

It Omgevingsberaad Waddengebied stjoert in brief oan it ministearje dat se better ûnderbouwe moatte wêrom't de eastlike rûte net mooglik is. Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach sit ek yn dy organisaasje.

It 'Omgevingsberaad Waddengebied' is yn 2020 ynsteld troch de minister van Infrastructuur en Waterstaat Cora van Nieuwenhuizen. It beried bestiet út organisaasjes út de mienskip en brûkers fan it Waadgebiet. Oerheden binne gjin lid fan it Omgevingsberaad mar binne wol by de gearkomsten. Kommissaris fan de Kening Arno Brok is de ûnôfhinklik foarsitter.

Advys mei betingsten

Earder hawwe de belutsen gemeenten en de provinsje advisearre om te kiezen foar de rûte troch see. As dochs foar de westlike rûte troch it eilân keazen wurde soe, hawwe se in rige betingsten. It kwetsbere gebiet moat safolle mooglik beskerme wurde.

Neffens boargemaster Van Gent kinne sy inkeld mar advys útbringe. De minister nimt it úteinlike beslút.

No't de plannen foar de rûte oer it eilân neier útwurke wurde, docht bliken hoefolle ynfloed it hat op it gebiet, seit Van Gent. Se sjocht dat it net inkeld ynfloed hat op it eilân Skiermûntseach as nasjonaal park en as wrâlderfgoedgebiet fan de Unesco, mar ek op it miljeu, op de boeren en de fiskers.

Beswieren serieus nimme

As dit sa trochgiet, ferdwynt it draachflak foar wynmûneparken, tinkt de boargemaster. En dat fynt se spitich, want Van Gent is foar duorsume enerzjy. Mar it oan lân bringen fan de stroom moat better regele wurde, fynt se.

It giet om ekonomy, ekology en draachflak yn de regio en de beskerming fan kwetsber Unesco-wrâlderfgoedgebiet.

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach

(Advertinsje)
(Advertinsje)