Manifestaasje om taslagge-affêre yn Amsterdam, Rotterdam en Ljouwert

Sa'n tweintich minsken kamen sneon op it Saailân yn Ljouwert ôf op in manifestaasje nei oanlieding fan de taslagge-affêre. Ek yn Amsterdam en Rotterdam wiene soartgelikense demonstraasjes.
Manifestaasje Ljouwert
"Wy wolle bliuwende oandacht foar dizze taslagge-affêre", sa leit Harmina Dijkstra fan de organisaasje út. "Mar ek foar de belestingtsjinst, omdat der folle mear saken rinne." Se doelt hjirmei net allinnich op de belestingtsjinst mar ek op it UWV. "Dit is mar in lyts stikje en it is it earste wat oan it ljocht kaam is."
Ek de útfiering fan de kompensaasjeregeling is net nei't sin en duorret fierstente lang, fynt de organisaasje. Dy wie yn hannen fan tsientallen maatskiplike ynstellingen. Foar Ljouwert wiene dat ûnder oaren Leeuwarden Bijeen en Leeuwarden Kan Het. De opkomst foel wat ôf, mar sa wie der yn alle gefallen romte genôch foar de demonstranten om op oardel meter fan elkoar te stean.
© Omrop Fryslan