Offisjele Kuieralvestêdetocht giet net troch, mar guon minsken rinne dochs

15 maaie 2021 - 17:27

"Geweldich, it wie soms hiel dreech en soms wat lekker makliker mar hjoed wie top." Folkert Faber en syn dochter Jantine Albeda binne bliid dat se der binne. Heit en dochter hawwe ôfrûne wike op eigen gelegenheid de Alvestêdetocht kuiere. Fan 'e moarn einige harren tocht by de fontein tsjinoer it stasjon yn Ljouwert.

Gewoanwei wurdt yn de wike fan Himelfeart altyd de Kuieralvestêdetocht hâlden. Fanwege de coronamaatregels seach de organisaasje gjin mooglikheden de tocht te organisearjen, mar dat hâldt de echte kuierders net tsjin.

Op eigen gelegenheid binne tiisdei in stik of tweintich kuierders útein setten mei harren eigen, alternative Alvestêdetocht. Se kamen sneontemoarn oan yn Ljouwert.

En doe sei myn soan: Dy alve stêden binne der, dy kinne jim toch gewoan rinne.

Jantine Albada

De 71-jierrige Folkert Faber en syn dochter Jantine wienen al twa jier achtermekoar yn jannewaris begûn te oefenjen. Ferline jier gong it net troch en ek dit jier sette de organisaasje in streek troch de offisjele tocht.

Jantine fertelt dat dat in domper wie foar harren: "Wy sieten der dy dei bêst wol troch hinne. En doe sei myn soan: Dy alve stêden binne der, dy kinne jim toch gewoan rinne, dan meitsje ik wol in krúske".

Alvestêdekuierders

Folkert Faber en dochter Jantine mei de selsmakke krúskes - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)