Rekreaasjegebou Lyts Grins lang om let iepen: "Wenkeamer foar de mienskip"

15 maaie 2021 - 15:50

Yn it buorskip Lyts Grins by Wynjewâld is in nij toeristegebou iepene. It kompleks hat de namme De Vooruitgang krigen en moat in rêstpunt foar rekreanten wêze, mei húskes en in dûs. It gebou leit oan de Turfrûte, by it haventsje oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. "Wy hawwe der alve jier foar wurke," seit inisjatyfnimmer Tinus ten Hoor, "mar hy is der no einlik."

Rekreaasjegebou Lyts Grins iepene

"Sjoch, dit is it dan wurden," seit Tinus ten Hoor entûsjast wylst er in rûnlieding oer it terrein jout. Hy hâldt stil op in gersfjild dêr't ferskate boarterstastellen stean. "Dizze boarterstún woene wy der by hawwe, sa hawwe de bern der ek wat oan."

Yn de fierte springe trije bern om en om op in kabelbaan. Twa fermeitsje harren mei in potsje fuotbal by in izeren goal. "Dit hiele gebiet is opknapt, mei it rekreaasjegebou as toppunt."

Ten Hoor rint oer de boarterstún nei in gloednij gebou mei read dak. It hat wol wat fan in fuotbalkantine. "Der sit in dûs yn en in kofjesetapparaat. Minsken kinne efkes ta rêst komme as sy de Turfrûte dogge. Kinst der altyd ynrinne, útsein yn de nacht. It gebou kinst fine ast in rûte folgest, dan krijst der sa'n brosjuere by."

It gebou yn Lyts Grins - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De iepening wurdt fersoarge troch de jongste ynwenner fan Lyts Grins. Dy is fjouwer wiken âld en mei it lintsje trochknippe. "We hawwe ûngefear alve jier dwaande west om dit te krijen," seit Ten Hoor wylst hy klapt foar it offisjele momint.

"Dat hat te krijen mei fergunningen en jild. Doe't de provinsje hjir de dyk oanpakte, hawwe wy jild krigen om it gebiet moaier te meitsjen. Dêr wie dit in ûnderdiel fan. Der stie earst in fabryk, mar dy wie yn de jierren '60 al fuort. It plak fertutearze en dus moast der no wat komme. Doe kaam dit idee."

De organisaasje woe de skiednis libjend hâlde, sa docht bliken út alle foto's oan de muorre. Njoggen bylden fertelle it ferhaal fan it fabryk. "Mar ek de namme, De Vooruitgang, is noch hieltyd itselde," seit Ten Hoor. "Dat past goed by dit gebiet en dizze buorskip. We bliuwe trochgean."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Lyts Grins

(Advertinsje)
(Advertinsje)