Johnny Jansen mist 'Maarten de Jong-types' yn seleksje SC Hearrenfean

15 maaie 2021 - 15:44

Trainer Johnny Jansen sjocht al foarút nei folgjend seizoen. Snein is de lêste wedstriid fan it seizoen, mar de wedstriid tsjin Sparta giet eins om neat. Sa blikke we al wat foarút nei folgjend seizoen en sjogge we nei de gearstalling fan de seleksje. Jansen: "Het gaat er wel om dat er een bepaald karakter in de ploeg komt. Je mist Maarten de Jong-types."

Johnny Jansen

"Waardeloos mag je het noemen, ik noem het steeds wisselvallig. Daar baal ik enorm van. Dat vind ik niks." It mei dúdlik wêze: Hearrenfean spilet in teloarstellend seizoen. Jansen leit it probleem foaral by de minne tarieding.

"Het is een beetje mijn stokpaardje, maar dat is hoe ik dat vind. Begin van het seizoen heb je de selectie niet op orde. Dan krijg je dat op orde en dat start je voorbereiding in de competitie. Toen hebben we door een goede start een beetje op een roze wolk geleefd. Maar toen vond ik het kwalitatief nog niet goed genoeg."

Maarten de Jong-types

"Het was heel jong, dan weet je dat het heel wisselvallig is", ferfolget Jansen. "Dan krijg je in de winterstop er zeven nieuwe spelers bij. Terwijl de competitie gewoon doordendert. Dat kunnen we onszelf aanrekenen." Dat moat dus folgjend jier oars? "Het gaat er wel om dat er een bepaald karakter in de ploeg komt. Als je een paar jongens hebt die dat wat aan kunnen zwengelen, dan is dat heel mooi. Volgens mij zei je collega Arjen de Boer dat wel mooi: Je mist Maarten de Jong-types."

Belang fan de wedstriid

Hearrenfean stiet no alfde en kin noch as tsiende einigje en ek noch as tolfde. As Hearrenfean ferliest en FC Twente wint fan of lyk spilet tsjin ADO Den Haag, dan wurdt Hearrenfean tolfde. As Hearrenfean wint en Fortuna Sittard ferliest of spilet lyk by Willem II, dan wurdt Hearrenfean tsiende. Play-offs foar Europeesk fuotbal is lykwols net mear helber.

Dochs kin winst sa mar 320.000 euro skele. Dat hat mei de ferdieling fan telefyzjejild te krijen. As Hearrenfean wint en as tsiende einiget, dan moat Hearrenfean hoopje dat Heracles gjin punten pakt by AZ en as achtste einiget:

  1. As Heracles ien plak boppe Hearrenfean einiget, dan ha se likefolle punten. Dan moatte de ploegen it jild ferdiele. Op basis fan it jild út de telefyzjepot fan ferline jier, soe Hearrenfean dan 3,54 miljoen euro krije. Dat is 3,2 ton minder as ferline seizoen;
  2. As Heracles twa plakken boppe Hearrenfean einiget, dan giet de ploech út Almelo Hearrenfean foarby. Op basis fan ferline seizoen giet Hearrenfean dan fan 3.86 miljoen nei 3,22 miljoen euro. Oftewol: 640.000 euro minder as ôfrûne seizoen.

Stân earedifyzje

Plak Klup Wedstriden Punten Doelsaldo
8. Sparta Rotterdam 33 44 +0
9. Heracles Almelo 33 44 -6
10. Fortuna Sittard 33 41 -7
11. SC Hearrenfean 33 39 -5
12. FC Twente 33 38 -3

Henk Veerman

Teloarsteld

Henk Veerman is ek teloarsteld oer it ôfrûne seizoen. "Volgend seizoen moet het beter. We moeten consequenter worden. Constanter. Meer goals maken, aanvallendere intenties hebben, we moeten agressiever worden, maar het belangrijkste is constanter worden. Als je de eerste seizoenhelft ziet, dan mogen wij echt niet zo afsluiten."

Veerman is troch de klup op de hichte steld fan de finansjele belangen foar de wedstriid. "Daar zijn we van op de hoogte. Wij willen gewoon goed afsluiten. Het motiveert het meer dan als je weet dat het helemaal nergens over gaat."

Johnny Jansen

"Je moet goed naar de samenstelling van de groep kijken", seit Jansen. "Dat moet je vooral ook goed doen in de voorbereiding. Je weet hoe dat dit seizoen is geweest. Het maken van een elftal moet je in de voorbereiding wegzetten. Anders loop je achter de feiten aan."

It op tiid heljen fan nije spilers is dus hiel wichtich. "Dat zou heel mooi zijn, heel mooi zijn. Dat willen alle trainers. Maar daar moeten we alles aan doen om dat grotendeels voor elkaar te hebben."

Reade kaarten

Hearrenfean mist yn de wedstriid tsjin Sparta Lasse Schöne en Syb van Ottele. Se krigen beide in reade kaart yn de lêste wedstriid tsjin FC Emmen en binne dêrtroch skorst. Sparta mist Tom Beugelsdijk en Adil Auassar om deselde reden.

De wedstriid FC Emmen - SC Hearrenfean begjint sneintemiddei om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Roelof de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)