Tal coronabesmettingen bliuwt skommeljen

15 maaie 2021 - 15:24

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 168 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 26 meer as freed, doe wienen der 142 nije besmettingen. Gemiddeld binne der de ôfrûne wike alle dagen 157 nije besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne sneon meld yn de gemeenten Ljouwert (29) en Súdwest-Fryslân (29), dêrnei folget de gemeenten De Fryske Marren (20).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Ek binne der yn de ôfrûne dei gjin Friezen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs.

Lanlik binne der 4520 nije positive testen meld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)