Greidefûgelûndersiker Klaas Jager: "Wy hawwe de djoere plicht se te rêden"

16 maaie 2021 - 07:20

It is in paradyske foar greidefûgels: De Lange Ripen by de Tynje. Tagelyk binne der ek grutte soargen oer de greidefûgelstân en de takomst. Want is it wol genôch om de soarten te rêden?

Foto: Omrop Fryslân

Wylst de takomst fan de greidefûgels hiel ûnwis is, sit natuergebiet De Lange Ripen by Tynje fol mei briedende skriezen en ljippen. It lân hat in sêfte boaiem, folle sletten en krûderyk heech gers, koartsein; in paradyske foar greidefûgels.

Tagelyk is it ek ien fan de iennige plakken yn Nederlân dy't troch de jierren hinne mei gewurde litten is troch de yndustriële lânbou. Mar it is net genôch om greidefûgels te rêden?

Ik tink dat we de djoere plicht hawwe om alles op alles te setten om it wol te rêden

Klaas Jager, fûgelûndersiker

Fûgelûndersiker Klaas Jager observearret en telt de greidefûgels yn dit gebiet, dat er in 'iepenbier museum' neamt. "Ik tink dat we de djoere plicht hawwe om alles op alles te setten om it wol te rêden", seit er.

Ek al hat it tolve oere west, Jager hat noch wol de hoop dat de delgong fan greidefûgelsoarten stilset wurde kin en in bettere takomst mooglik is. Mar dan moat der gau in hiel soad barre.


Mear hjiroer snein yn Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)